Jounswille mei nij stik: 'Farwol Ierde'

AUGUSTINUSGA - Dit jier spilet Jounswille út Stiensgea it stik 'Farwol Ierde' ûnder lieding fan regisseur Klaas Jaap van der Heide. Yn stee fan te kiezen foar in besteand toanielstik, binne regisseur en spilers de útdaging oangien om sels in stik te skriuwen.

Boris fielt him, al sûnt er lyts is, net thús op ierde. Hy hat him de lêste moannen hielendal ôfsletten fan 'e minsken, fan syn wurk as stjerrekundich dosint op 'e universiteit en fan 'e wrâld om him hinne. Hy makket yn syn appartemint in katapult om himsels de kosmos yn te sjitten.
'Farwol Ierde' is in nij, sels skreun stik, basearre op de téatrale ynstallaasje 'The Man Who Flew Into Space From His Appartment' fan Amerikaanske keunstner Ilja Kabakov. Op 26 en 27 jannewaris en 2 en 3 febrewaris fan 20,00 oere ôf yn kafee Stynsgea. Kaarten by famylje Gjaltema, tel. 0512-352192.