Jongerein fan it Kritetoaniel fan Bûtenpost spilet de kluchtige skriller 'Hotel Droomoord'.
Jongerein fan it Kritetoaniel fan Bûtenpost spilet de kluchtige skriller 'Hotel Droomoord'. Foto: Jonas Reitsma

Jongerein spilet 'Hotel Droomoord'

BÛTENPOST - Op sneontejûn 27 jannewaris spilet de Jongerein fan it Kritetoaniel fan Bûtenpost yn The Point de kluchtige skriller (thriller) 'Hotel Droomoord'.

Yn gearwurking mei harren regisseur André Beeksma ha de jongereinspilers fan it Kritetoaniel in meartalige foarstelling betocht en útskreaun en dy wurdt dus foar it earst spile: in wrâldpremiëre.

Hotel Droomoord is
kluchtige skriller

Hotel Droomoord is mei rjocht en reden in kluchtige skriller. Yn de foarstelling sjogge wy trije jonge minsken dy't betocht ha om yn harren studintehûs in hotel te begjinnen. De ferwachting is dat troch Kulturele Haadstêd 2018 in protte minsken nei Fryslân komme sille en dat dêr dan in soad jild te fertsjinjen is. Se sette in advertinsje yn de krante en op ynternet, neame it Hotel Droomoord en dan kin it wachtsjen op de earste gasten mar begjinne.
Dan giet de telefoan en set it spul út ein. It giet lykwols net hielendal as ferwachte. De gasten hawwe easken dêr't net rjocht op rekkene is en alles rint út de hân, sa't it liket.

Spilers: Johan Moes, Anouk Minnema, Jelly Douma, Dette Hiemstra, Renze Welfing, Laura de Zee, Myr ka van der Wal, Dagmar Kingma en Nienke ten Hoven. The Point, Bûtenpost om 20.00 oere.