Brinkman listlûker FNP Achtkarspelen

SURHUSTERFEAN - Tjibbe Brinkman (39, Twizel) is listlûker foar de FNP yn Achtkarspelen, foar de riedsferkiezings fan 21 maart.

Ek op de nûmers 2 oant en mei 6 steane 'sittende' (skaad-)fraksjeleden: Yde van Kammen (De Harkema), Sake van der Meer (Koatstertille), Maaike Dotinga (Bûtenpost), Rein van der Wal (Surhústerfean) en Wietske Poelman (Gerkeskleaster/Strobos). De earste 'nije' minsken op de kandidatelist stea ne op nûmer 7, 9 en 10: Jellie Hamstra út Droegeham, Marianne van der Heide út Stynsgea en Jelmer Bloembergen út Koatstertille. Steatelid Wopke Veenstra stiet op 8. Fraksjefoarsitter Sjoerd Groenhof en âld-wethâlder Marten van der Veen binne 'listtriuwers'.