Spreuketocht en winterbradery

EARNEWALD - Wy geane mei inoar wer nei it feest fan de frede en it ljocht ta. Dêr docht It Kokelhûs yn Earnewâld ek oan mei.

"Meikoarten sette wy ús parrebeam wer yn it ljocht, mar wy dogge mear. Op 10 desimber om 16.30 oere hawwe wy wer ús Mid Winter Spreuke Tocht mei winterbradery. Krekt as ferline jier is de start fan de tocht yn It Kokelhûs. Oan de Wiidswei om-en-de-by It kokelhûs is in bradery mei kreamen/diskes. It Kokelhûs ferkeapet (foar it goede doel) breiden guod foar de winter, mûtsen, sjaals, wanten, ensfh. De âlde parrebeam foar It Kokelhûs is omtovere ta in winskbeam. Op 10 desimber om 16.30 oere kin elts (ek fan bûten Earnewâld) syn winsk yn de beam hingje. Op âldjiersjûn wurdt de moaiste winsk bekend makke en beleanne mei in pryske. Op 27 desimber is de lêste Smûke jûn fan dit jier mei in ferhalejûn."