Toaniel 'De erfenis fan muoike Bella'

ROTTEVALLE - It toanielselskip fan de Rottefalle sil syn útfierings hâlde op freed 8 en saterdei 9 desimber fan 20.00 oere ôf yn doarpshûs It Werflân, mei it blijspul 'De erfenis fan muoike Bella'.

As der in fikse erfenis te ferdielen falt, dan is elk famylje, of wol dat wol wêze. De bruorren Duursma binne de erfgenamten fan harren ferstoarne muoike Bella. Jild hie muoike net, mar har salon is de haadpriis: in goed rinnend saakje. Drokte fan de klanten by 't soad, mar slagget it de manlju it elk nei 't sin te dwaan?

Hja begjinne mei 't opknappen fan de saak en wolle dy dan sa gau as mooglik ferkeapje. Mar dan komt in nichtsje - fan de oare kant - út Kanada mei fakânsje nei muoike Bella.

Fan 25 novimber ôf binne de kaarten yn de foarferkeap te krijen by bakker 'Bôle en Sa' .