BUTENPOST - Op de sneontejûnen 25 novimber en 2 desimber bringt it Kritetoaniel fan Bûtenpost de foarstelling 'Wat in gekke man ... en syn frou dan?' oer it fuotljocht.

In blijspul fan Alan Ayckbourn, 'Absurd personal Singular', yn in Fryske oersetting fan Baukje Stavinga.

Mei Klaas Jansma, Anneke Nieuwenhuis, Dictus Benedictus, Ria Krist, Andries Hovinga en Wiesje Kloosterman. Rezjy Henk Roskammer. Sealesintrum The Point, 20.00 oere.

Trije echtpearen. Trije ferskillende keukens. Trije kear in Krystjûn, alle jierren byinoar. Foarich jier, dit jier en oar jier. Kostlike dialogen, misferstannen en teloarstellingen. In bittere komeedzje, mar wol in bysûndere. Fermaaklik en skerp skreaun mei domdryste situaasjes.