De toanielploech 'Noflik tegearre' yn de blomkes nei de premjêre yn De Triemen fan it stik 'Fan jins famylje moatte jo it hawwe'.
De toanielploech 'Noflik tegearre' yn de blomkes nei de premjêre yn De Triemen fan it stik 'Fan jins famylje moatte jo it hawwe'. Foto: Ingezonden

'Noflik tegearre' spilet yn 't wykein noch twa kear

DE WESTEREEN / KOLLUMER SWEACH - Toanielploech 'Noflik tegearre' (15 jier) bringt kommend wykein noch twa kear it stik 'Fan jins famylje moatte jo it hawwe', fan Carl Slotboom, oersetten troch Abele Krist. In aktueel én fleurich stik, mei it each op fer skate riedsferkiezings.

It stik spilet him ôf yn it hûs fan de politikus Peter en syn frou Judith. Peter is hast de nije lieder fan syn poltitike partij en dit bringt hiel wat wurk en spanning mei him mei.
As dan skoanmem Victoria ûnferwachts komt te útfanhûzjen, is hy net sa bliid. Sy soarget altyd foar tûkelteammen. Freondinne Mirjam en freon en hûsdokter Herbert wurde der tsjin wil en dank ek yn behelle. Mar der komme noch mear del: soan Sjoerd (út in eardere relaasje fan Peter) en dy syn frou Martine, én har heit Richard. Komt it no wol goed mei Peter syn politike ambysjes?

Freed en saterdei

Freed 10 novimber yn 'Old Dutch' yn de Westereen en saterdei 11 novimver yn 'De Trije Doapen' yn Kollumersweach, beide kearen fan 20:00 oere ôf. (Reservearje foar in VIP-buffet kin op www.detrijedoarpen.com). Sjoch ek op www.noflik-tegearre.nl of skilje foar ynformaasje mei 0511-445477.
Toanielselskip 'Noflik Tegearre' is ûntstien yn 2002 troch it bondeljen fan toanielleafhawwers út Kollumersweach en De Triemen. Yn de Triemen wie al in selskip, dat ferlet hie fan nije spilers. En yn Kollumersweach woe men in selskip oprjochtsje.

'Lapen gearsmiten'

Sadwaande waarden de 'lapen
gearsmiten' en ûntstie 'Noflik Tegearre'. "De namme kin útlein wurde as it gearbringen fan twa ferienings en ek as it 'noflik' mei elkoar in leafhawwerij hawwe. En wy hawwe it al yftjin jier hiel noflik mei elkoar", skriuwt Trientsje de Boer út namme fan de ploech.