Grytsje Kingma sjongt yn Damwâld

DAMWALD - Sjongeres, trûbadoer en tekstskriuwster Grytsje Kingma is snein 12 novimber fan 15.30 oere ôf yn de 'Fermanje', Doniawei 34 yn Damwâld.

Kingma skriuwt en sjongt har eigen Fryske lieten. Se begeliedt har sang meastentiids op gitaar. De teksten binne mei te lêzen op skerm en sfearfolle bylden illú strearje dêrby ek de lieten: in moaie ienheid fan klank en byld. Soms nostalgysk, faak gefoelich, bytiden mei in knypeach. Sy hat gearwurke mei dichter/oersetter Atze Bosch. Der stean twa cd's op har namme, 'Wjerlûd' en 'Wytfear' en de liettekstenbondel 'Tûzen dagen'. Fierder hat sy meiwurke oan ferskate oare muzykprojekten. De Fryske taal leit har nei oan it hert en de rykdom fan it Frysk bringt se yn har teksten en suvere sang ta utering: Fryske folksmuzyk dy't it hert rekket. Yntree € 7,50.