Komedie Bungalow 847 in De Lawei

DRACHTEN - De Lytse Komeedzje uit Drachten speelt 18 november om 20.15 uur de komedie Bungalow 847 van Wimpy de Vries in De Lawei.

"Der is in priis wûn by it grutte prizenfestijnfestival: trije dagen yn in bungalow op in bungalowpark earne yn 'e midden fan it lân. Cor en Ant komme der oan mei harren mem. Mar dan komt der noch in stel yn deselfde bungalow: dy hawwe ek in priis wûn, mei itselde prizenfestijnfestival. Nei wat hin en wer gepraat beslute de twa stellen om de bungalow dan mar te dielen. Der binne op it lêst trije sliepkeamers, dat it kin wat lije. De úteinlike fraach is: Hat de lotterijkommisje de fout makke om twa stellen yn ien hûske ferbliuwe te litten of stekt der wat oars efter?" Inlichtingen of kaarten: Jantina Hoekstra (tel. O512-514746/06-15917877). In de pauze een verloting, na afloop dansen.