Gleon yn 'e Keet, skunnige ferhalen

BURGUM - Utjouwerij Regaad organisearret fan 't hjerst 'Gleon yn 'e keet': in toer by Fryske kroegen en doarpshuzen del, mei skunnige ferhalen en readewankjemuzyk. Yn de donkere dagen lûkt masterferteller Douwe Kootstra alle registers iepen mei al it ûnfoege folksferhalemateriaal dat jo noait lêze of hearre mochten.

Folkssanger Sytse Sneekweek soarget dêrby foar in fijn stikje Sneker shockpop. Neitiid kinne de wankjes noch moai wat nei gloeie mei it harkjen nei de lekkerste singeltsjes út it Nederlânsktalige 'schuine' genre.

De toer 'Gleon yn 'e keet' hat oant no ta de folgjende plakken op it programma: Terwispel (Spaltenbrêge, sneon 4/11), Boazum (Boazumer Mjitte, freed 10/11), Burgum (Kiehool, sneon 11/11), Grins (Bernlef, freed 24/11) en Drachten (Marktzicht, sneon 25/11). It program begjint hieltyd om 20.30 oere, en de tagong is fergees.

Unfatsoenlike
folksfertellings

Oanlieding foar de toer is de fer skining, op 3 novimber, fan it earste Fryske boek mei ûnfatsoenlike folksfertellings: wiete poes, en oare ûnfoege ferhalen, fan Jurjen van der Kooi en Douwe Kootstra. It boek sil te keap wêze by alle toeroptredens.

It is foar it earst dat der in boek mei eroatyske folksferhalen yn it Frysk ferskynt. De oanbieding is op 3 novimber om 15.30 oere yn kafee Moarkswâl yn Aldtsjerk.