De fjouwer spilers yn aksje.
De fjouwer spilers yn aksje. Foto: Tryater

Tryater: 'Wat jo wolle' yn Hurdegaryp

HURDEGARYP – Akteurs Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra fan Tryater spylje tongersdei 2 novimber 'Wat jo wolle' yn MFC It Maskelyn yn Hurdegaryp.

It is in foarstelling wêrfan't it ferhaal bepaald wurdt troch it publyk. Alle besikers krije foarôfgeand oan it teaterstik in enkête. Dêrmei kin it publyk oanjaan oan hokfoar teaterstik men it meast niget hat. In soarte fan ferkiezing oer wat jo sjen wolle.

At it publyk de enkêtes ynfold hat, besjogge de fjouwer akteurs hokfoar ferhaal de measte stimmen krigen hat: de ultime romantyske leafdessêne, in klucht mei doarren, in oade oan Fryslân of eksperimenteel spektakel?

Foar regisseuse Tatiana Pratley giet 'Wat jo wolle' oer hoe yngewikkeld it wêze kin dat minsken allegear wat (oars) wolle. En dat it de muoite wurdich bliuwt om mei-elkoar te sykjen nei in wize om by inoar te kommen.

Kaarten binne te keap fia tryater.nl of fia telefoan 0511-472126.