Blijspul 'Komkommertiid' yn Ferwert

FERWERT - Ha jo ek sin om in jûn hearlik te laitsjen? Kom dan freed 3 novimber om 20.00 oere nei seal 'Grand Cafe Út en thús' Foswert yn Ferwert. Hjir spilet toanielselskip 'Pro Rege' út Holwert har blijspul 'Komkommertiid'.

Jo nimme in âld, wat ferrûn hotel op it plattelân, mei de nochal stive, tige korrekte eigneresse Josefien, en har persoanielslid Frits dy't leaver lui as wurch is. Twa hotelkeamers mei in sletten tuskendoar, mar wol mei in kaaisgat. Ferskate gasten, lykas Marion. Sy siket rêst om nei te tinken, oft se wol fierder wol mei de man dêr't se in ferhâlding mei hat. Hans en Claudia, o sa fereale, en Gerrit en Marie dy't in fakânsje wûn ha en foar it earst yn harren 25-jierich houlik op fakânsje geane.....
Dan strúnt der ek noch fotosjoernalist Bert troch it hotel, sykjend om de perfekte foto.