Elkenien is in prutser, fan Tryater, op 19 oktober yn Burgum.
Elkenien is in prutser, fan Tryater, op 19 oktober yn Burgum. Foto: Maarten van der Wal

Tryater spilet 'Elkenien is in
prutser' yn Molkfabryk Burgum

BURGUM - De foarstelling fan Tryater 'Elkenien is in prutser', spilet 19 oktober om 20.00 oere yn 'de Molkfabryk' yn Burgum.

De akteurs steane - as fiif überprutsers mei harren eigen gepruts - symboal foar de syktocht fan in generaasje (yn Fryslân) dy't de goede besluten nimme wol yn it libben. Ynjûn troch de dei, de lokaasje en it publyk, is elke jún in premjêre. Inkele sênes binne útwurke, fierder helje de spilers ynspiraasje út harren fantasy, libben, dreamen, ferwachtings en eangsten. Kaarten fia tryater.nl en 058-2539550. De foarstelling is ek op 2 novimber om 20.00 oere yn De Lawei yn Drachten. Kaarten fia www.lawei.nl en 0512-335050.