Freark Jan Beuckens yn Batavia, Pasar Baroe. (Foto út it boek).
Freark Jan Beuckens yn Batavia, Pasar Baroe. (Foto út it boek). Foto: Ynstjoerd

Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië

Nei santich jier fan meast swijen, komme der stadichwei mear 'egodokuminten' en romans út oer de oarloch tusken Nederlân en Yndonesië (earst: 'Nederlands Indië'). Tink mar oan it priiswinnende 'De tolk van Java' fan Alfred Birney.

"Jonge ja, merdeka, frijheid fan de T.N.I. fêst, dy hawwe teminsten oars noch neat dien as de boel yn de war skoppe. Dy stommelingen fan ynlanners, se binne grif ferjitten dat wy harren út de rotsoai holpen hawwe en dy hûnderten jonges dy't harren libben jûn hawwe om hjir oarder en rêst werom te bringen, dy telle fêst ek net mei. 't Is om gleon te wurden.

Skoalbern stieken no de fûst tsjin ús omheech en in pear jier tebek doe't se noch yn harren neakene niksje rûnen, doe tomken se foar ús as der in auto mei militêren lâns kaam. Se tinke fêst dat se harren wolfeart oan Soekarno en syn trawanten te tankjen hawwe. It is bedroefd, yn ien wurd. Undertusken binne de earste offers alwer wer brocht."

Earlik en rjochtút oer in pear drege jierren

Earlik en rjochút beskriuwt Freark Beuckens fan Nijemardum wat er belibbet as tsjinstplichtich soldaat yn it Yndië fan de ûnôfhinklikheidsstriid tusken 1947 en 1950. Mar ek wat er fielt by it sjen fan de oerweldigjende natoer of de earmoed fan de ynlanners. En hy hat sa syn gedachten oer de politike en militêre autoriteiten dy't him dêr hinnestjoerd hawwe. Hy wurdt hieltyd kritysker. Syn oantinkens oan syn faam Klaasje set er foar it byld oer fan de prachtige famkes dy't harren bleat jouwe by it waskjen yn de kali: de striid tusken ûnthjit en langst, tusken tropenacht en sûndebesef fan in grifformearde jonge út Gaasterlân. Mei sa'n 170 foto's dy't Beuckens yn Yndonesië makke hat.

Yn de rin fan de jierren sechtich fan de foarige iuw is in begjin makke mei it trochbrekken fan it grutte swijen oer Yndië en komt der hieltyd mear foar it ljocht fan wat dêr santich jier lyn bard is. Yn it jier dat dit deiboek it ljocht sjocht, is it grutte nije ûndersyksplan fan de dekolonisaasje fan Yndië klear. Yn 2021 moatte de resultaten bekend wêze yn de foarm fan trije oant seis publikaasjes. Dit boek kin, mei de oare deiboeken dy't ferskynd binne of noch fûn wurde, in bydrage leverje ta dat ûndersyk.

Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië, Freark J. Beuckens.

Besoarge troch Tsjerk Veenstra en Popke Popma. Utfiering: Ynbûn. Tal siden: 432. ISBN 978 94 92176 53 0 - Ferkeappriis:
€ 24,95.