Literêre rûte Feanwâlden op 10 juny

FEANWALDEN - Op sneontemiddei 10 juny hâldt literêr tydskrift 'ensafh' in literêre rûnlieding troch Feanwâlden en omkriten. De start is om 14.00 oere, op 'e fyts, by it sta sjon. De gids is Jelma Knol, ynwenner fan Feanwâlden en redakteur fan ensafh. De tocht duorret sa'n oardel oere.

De gids fertelt oer it ferline fan Feanwâlden

Feanwâlden is in echt skriuwersdoarp. De rûte giet fansels by in pear plakken del dy't in rol spylje yn it wurk fan Theun de Vries, mar benammen al dy oare Fryske skriuwers, dy't hjir wenne hawwe of wenje, komme no ris oan bar, fansels mei harren wurk: Durk van der Ploeg, Lipkje Post-Beuckens (Ypk fan der Fear), Douwe Kootstra, Bertus Klazinga, folksdichter Tsjipke Postma en oaren.

De gids fertelt ek wat oer it ferline fan it doarp, wat sei, sels de minsken fan 7000 jier lyn wurdt dizze kuier even goeiedei sein. Dêrnei giet it al gau op it 'âld tsjerkhôf' ta, it ferdwûne doarp Eslawâld.

Dielname is fergees

Nei 10 juny stiet de rûte op de webside
ensafh.frl, foar al dyjingen dy't de tocht nochris rêstich neikuierje of -fytse wolle. Dielname is fergees, de konsumpsjes oan 'e ein fan 'e rit binne foar eigen rekken. De einstreek is by Dûke Lûk yn Feanwâldsterwâl.