Pier Bergsma út Hurdegaryp is ien fan de redakteuren fan De Nije.
Pier Bergsma út Hurdegaryp is ien fan de redakteuren fan De Nije. Foto: Actief Media

It nijste nûmer fan De Nije yn it teken fan muzyk

Algemeen

It hjerstnûmer 2021 fan it Frysktalige blêd De Nije stiet foaral yn it teken fan – Frysktalige – muzyk. Doe’t de redaksje it skreau, wie noch net wis oft der wer optredens tastien wurde soene, fanwege it koroanafirus. De redaksje hat it der mar op weage.

“Wy wolle graach allegearre wer gewoan sûnder beheiningen fan muzyk genietsje kinne”, skriuwe de einredakteuren Pier Bergsma en Aant Mulder yn harren foaropwurd. Dat liket goed út te pakken: it regear wol mear en mear tastean, sels de 1,5 meter ûnderlinge ôfstân is net mear nedich. Mar dan wol mei faksinaasje of in ‘negative’ testútslach!

Popmuzyk yn Fryslân

Beart Oosterhaven hat yn De Nije as gastredakteur in nijsgjirrich artikel skreaun oer popmuzyk yn Fryslân, fan de jierren sechtich oant en mei 2021. Sjongeres Grytsje Melchers komt oan it wurd nei oanlieding fan har sjongen fan lieten fan Boudewijn de Groot yn it Frysk.

De Fedde Schurerlêzing(en) (sneon 27 novimber 2021) én 70 jier Kneppelfreed (plus de lyknammige téaterfoarstelling yn it Paleis fan Justysje) krije ek rom omtinken.

Gysbert Japiks

Sjongeres Hiske Oosterwijk sjongt lieten fan Gysbert Japiks op de cd ‘Wurden’. Dat is ek oanlieding foar in fraachpetear. Der is ek omtinken foar muzyk yn it Stellingwerfsk, foar draaioargels en tsjerke-oargels en foar Fryske hynders. De bernesiden, de puzel en in petear mei de nije direkteur fan de Fryske Akademy (Nelleke IJssennagger) ûntbrekke likemin.

Elske DeWall

Sjongeres en lietsjeskriuwer Elske DeWall (opgroeid yn Feanwâlden as Elske de Walle) stiet as in diva op ‘e foto en kriget yn in fraachpetear ek it wurd: ‘Muzyk bliuwt in grut part fan myn libben’.

De Nije hat ek wer in oprop foar in ferhalewedstriid, mei as ûnderwerp: eilannen. Losse nûmers binne foar 4,95 euro te keap yn boekhannels, tydskriftewinkels en yn de supermerken fan Poiesz. Sjoch ek: itnijs.frl, foar ynformaasje oer abonneminten. It blêd is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Kan hier de Lelylijn komen? Op de achtergrond bedrijventerrein A7-zuid bij Drachten en het klaverblad met de A32. (Links, niet zichtbaar, de A7).
Robin Hartogh Heys: "Noord-Nederland moet zich uiten over Lelylijn" Algemeen 4 uur geleden
Kiwi intake
Zeehondencentrum Pieterburen vangt eerste pup van de zomer op en het is de vroegste ooit. Algemeen 4 uur geleden
De drie winnaars. In de midden winnares Noorde Schuurman, links van haar Indy Lynn Franken en rechts van haar Roos Gerdingh.
Noore Schuurman is de beste (brugklas)voorlezer van Fryslân! Algemeen 5 uur geleden
Ook de tuin van buitenplaats Oranjestein in Oranjewoud is een ontwerp van Pieter Lucas Roodbaard
Lezing 'Lucas Pieter Roodbaard' door Rita Radetzky: een veelgevraagd tuinarchitect in Noord-Nederland Algemeen 6 uur geleden
Alle winnaars van Kunstbende
Winnaars voorronde Kunstbende Friesland bekend Algemeen 21 uur geleden
Kom in de bieb in Drachten studeren!
Voor eindexamen studeren in de bieb Algemeen 22 uur geleden
Leerlingen Jildou, Marije en Ilse met hun Eervolle Vermelding en juryrapport Jan Penprijs (v.l.n.r.)
Vier leerlingen van Lauwers College Buitenpost behoren met profielwerkstuk tot besten van Nederland Algemeen 23 uur geleden
 Vrijwilliger Sukran tijdens de sport- spel- en bewegingsactiviteiten van TeamUp
TeamUp zoekt dringend vrijwilligers om gevluchte kinderen te ondersteunen in Leeuwarden Algemeen gisteren
De documentaire Blaasmuziek heeft een award gewonnen.
Omrop Fryslân en BBC grote winnaars bij PRIX Circom Algemeen gisteren
‘De kracht van Muziek’
Stemmenorkest in de Alexanderkerk in Rinsumageast Algemeen 18 apr, 12:21
Pesten is een onzichtbare pijn die overal kan toeslaan.
Samen streven naar een pestvrije samenleving Algemeen 18 apr, 11:03
'Nifelje mar ta!' gaat door!
'Nifelje mar ta!' yn Dokkum gaat door! Algemeen 18 apr, 10:00
Willem Helfrich neemt u mee op een reis door de geschiedenis van het gevangeniswezen in Friesland.
Lezing: Gevangen in Friesland Algemeen 18 apr, 09:23