It ferskil koe hast net grutter: fan it nije stee koe men oer lân fan hûs, der wie streamend wetter, elektrisiteit en telefoan. Dat wie der yn de Alde Feanen allegearre net: wa’t nei skoalle moast, koe dêr allinne oer wetter komme. Of, by strenge winters, oer it iis. Elektrisiteit en telefoan wiene der net.

Paradys of iensume oarde

Wa’t fan greidefûgels hold en fan de natuer fan de Alde Feanen, lykas Gjalt de Groot, wenne yn in soarte fan paradys. Mar wa’t graach kontakt hie mei buorlju en oare minsken, koe der frijwat iensum wurde.