‘Hjir binne we dan’ mei ‘Jus d’orange mei in tik’
CultuurDAMWALD – Spanning en humor binne twa eigenskippen fan it stik ‘Jus d’orange mei in tik’, dat toanielferiening ‘Hjir binne we dan’ op de sneonen 18 en 25 maart opfiert yn De Krúswei yn Damwâld. De kaarten binne te keap by Primera yn Damwâld.
Sneonen 18 en 25 maartAs Ellen Woudenberg fernimt dat har iennichste famyljelid, har wolstelde en heechbejierre âldtante oan in tredde jeugd begûn is, beslút se om as de wjerljocht poalshichte te nimmen. Op it plak sels konstatearret se dat har âldtante harsels al in healjier fersoargje lit troch in ynwenjende ferpleger. Se wit dat der koartlyn yn De Haach in stikmennich rike minsken om it libben brocht binne troch twa ferplegers. Dat barde mei medisinen en nei dat de manlju de slachtoffers earst fan harren kaptaal berôve hiene……
It wantrouwen fan Ellen wurdt noch grutter as se sjocht hoe wiis at tante mei har ferpleger is en ek fanwege dy syn heimsinnige telefoantsjes om sekuer twa oere nachts. As notaris komt om it al besteande testamint te wizigjen, feroaret alles yn heech tempo. Dokter moat haljetrawalje komme, omdat alles der op wiist dat de ferpleger syn fatale plan útfierd hat.
Mar wie hy wol de dieder of wie’t de húshâldster, dy’t alles wist en fan tichteby meimakket? Of wie ’t de achternicht sels?
It stik is skreaun troch Loek Elich. De Fryske oersetting is fan Gurbe Dijkstra.
It wurdt opfierd op sneon 18 maart en op sneon 25 maart fan acht oere ôf.