‘It moat kinne’ spilet ‘Lûnatik!’
CultuurBROEKSTERWALD - Toanielferiening 'It moat kinne' út Broeksterwâld/De Falom spilet it stik ‘Lûnatik!’ It is in humoristysk stik, bassearre op de VPRO-rige Loenatik.
Lûnatik spilit him ôf yn psychiatryske ynrjochting Sinnestriel, dêr’t de bewenners (De Majoar, Bep, Fats, Dr. Doolittle en frou de Haas) de ferpleging (suster Tialde en stazjêre Wil) en direkteur Onno jimme op harren eigen wize meinimme yn harren nuvere tiid yn it tehûs. It binne mar frjemde fûgels, se binne eins allegearre…. Te gek!
Kameraploech
In ekstraatsje, dat regisseur Sander Kalsbeek taheakke hat, is de FryslânDOK-kameraploech dy’t in dokumentêre meitsje sil oer Sinnestriel. By ûngelok binne se der krekt as direkteur Onno syn geheime plannen foar it ljocht komme. Fansels is it nijs al gau bekend by de bewenners en dy betinke in eigen, healwiis plan, dat eins te gek foar wurden is. Soe it wurkje?
Toanielferiening It Moat Kinne bestiet 29 jier en bringt nei in súkselfol dramastik (‘The Griene Mile’, acht útferkochte jûnen en in útferkochte Harmonie), no dus in humoristysk stik. Lûnatik spilet 10, 11, 17 en 18 maart yn doarpshûs de Pipegael yn Broeksterwâld. Kaarten binne te keap fia www.itmoatkinne.nl of by de Pipegael.