Melissa
Melissa Foto: Piet Douma/ pdf-grafie

Start ynskriuwing Liet foar finale 2024

Algemeen

De ynskriuwing foar it Frysk sjongfestival Liet 2024 is dizze wike iepene. Muzikanten dy’t meidwaan wolle, kinne foar moandei 1 maaie in orizjineel liet ynstjoere. De finale fan Liet fynt plak op tongersdei 19 septimber 2024 yn poppoadium Neushoorn te Ljouwert.

It liet moat yn it Frysk of yn in Fryske streektaal skreaun wêze. Ynskriuwe foar Liet 2024 kin fia de site www.liet.frl. Hjirmei is de saneamde ‘call for songs’ fan start. It sjongfestival hat ek dit jier ien foarwedstriid. Ut de ynstjoeringen beoardielet in faksjuery hokker 12 lieten harren hjirfoar kwalifisearje. Fan dizze 12 kandidaten wurde filmkes op de webside fan Liet pleatst en it publyk kin hjir op stimme. 

It liet mei de measte publykstimmen giet streekrjocht trochnei de finale fan Liet 2024. De oare 7 wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery. “Wy hoopje ek dit jierwer op in soad orizjinele en leuke lieten. Wy soargje tegearre mei Omrop Fryslân wer foar in puike edysje fan Liet”, seit produksjelieder Christel Pieper. 

Neist de 8 finalisten trede ûnder Liet ek in oantal bekende Fryske muzykakts op. De winner fan Liet 2024 sil in pear wiken dernei Fryslân fertsjintwurdigje op it Regiosongfestival, dat dit jier plak ha sil yn Limburg. “In moaie útdaging foar Fryske artysten om mei te dwaan oan Liet en as winner Fryslân te fertsjintwurdigjen op it lânlik poadium”, neffens Liet-foarsitter Frans Veltman.

Stef Boes, overgangsconsulente van Nieuw Getij.
Specialistisch verpleegkundige overgang/ vrouwenzorg Algemeen 6 uur geleden
Zachte natuurtinten, maar ook vrolijker accenten van kleur zie je terug in de collectie voor de
allerkleinsten.
Aline Fashion breidt uit met babycollectie Algemeen 6 uur geleden
Probeer een speed-pedelecs van Klever bij Egbert Tweewielers.
Probeer speed-pedelecs van Klever tijdens opstapdag bij Egberts Tweewielers Algemeen 8 uur geleden
Pannenkoekendag in Rottevalle
Pannenkoekendag in Rottevalle Algemeen 9 uur geleden
De subsidie biedt kansen voor iedereen die wil bijdragen aan een duurzame en toekomstbestendige landbouw.
Nieuwe subsidie voor innovatieprojecten in de landbouw in Noord-Nederland Algemeen 9 uur geleden
Foto links: Friso Wielenga 
Foto rechts: Monique vd Ven en Elles Pieterse
De 'Vijf Mei Rede' door Friso Wielenga, een concert en poëzie! Algemeen 10 uur geleden
De lopers van de Wetter- en Willerun in Burgum gaan van start voor de editie van 9 oktober 2022
Derde editie van de Wetter- en Wille run Algemeen 11 uur geleden
Eerste Duitse Kneipenquiz in Dokkum sehr angenehm
Eerste Duitse Kneipenquiz in Dokkum sehr angenehm Algemeen 11 uur geleden
De bedside singers.
(video) De Bedside Singers zingen al 5 jaar aan het bed Algemeen gisteren
Skriuw dy no yn!
Noch twa wiken om yn te skriuwen foar Liet 2024 Algemeen 16 apr, 16:03
Start kaatstrainingen bij KV Oostergo Dokkum.
Start kaatstrainingen bij KV Oostergo Dokkum Algemeen 16 apr, 15:00
'They Young Source' en 'Amazing Kids' in de VGKN-kerk in Boornbergum.
(video) "Nog amper christelijke kinderkoren in Fryslân sinds corona" Algemeen 16 apr, 13:29
Record aantal inschrijvingen 22e editie Bonifatiusloop Dokkum
Record aantal inschrijvingen 22e editie Bonifatiusloop Dokkum Algemeen 16 apr, 12:30