Frysk yn'e ferkiezingen.
Frysk yn'e ferkiezingen. Foto: Yung Frysk

(fideo) Fryske jongeren sette harren yn foar mear Frysk by it stimproses

Algemeen

(fideo) 22 novimber is it wer tiid om nei de stimbus ta te gean. Mar wêrom is de stimpas eins folslein yn it Nederlânsk? Oer dy fraach bûgden de studinten fan Yung Frysk harren de ôfrûne wiken. Dat late allinnich mar ta mear fragen: wat wurdt der eins dien mei it Frysk yn de stimproseduere? En wa bepaalt dat?

https://youtu.be/9yc0N2jDy1U

Om dy fragen te beäntwurdzjen gienen de studinten op ûndersyk út. Dat ûndersyk begûn op de website fan de Ryksoerheid, mar al gau sochten se kontakt mei it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en mei de ferskillende Fryske gemeenten. Dêrneist ynterviewden se prof. dr. Arjen Versloot, de ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins, en Jan Koster, foarsitter fan DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal. Fierder ûndersochten se de miskien noch wol wichtichste stim fan allegear, en gie it Yung Frysk-team de strjitte op yn Fryslân om te hearren hoe’t de Friezen sels tinke oer it (net) brûken fan de Fryske taal yn de stimproseduere.

De studinten hawwe harren ûndersyk yn in fideo fêstlein. Dêrby kamen se der al gau achter dat gemeenten in hiel soad mooglikheden hawwe om mear te dwaan mei it Frysk, mar dat dat op it stuit noch net bart. En dat wylst neffens prof. dr. Versloot taal krekt in middel is om in bân ta stân te bringen tusken de sprekker en de harker of de lêzer. “In hiel grut part fan de Friezen is Frysktalich en fielt him ek thús yn dy taal. Dus har oansprekke yn dy taal fersterket ek de bân as mienskip, as maatskippij, en ferkiezingen binne út soarte in middel om yn de maatskippij nije besluten te nimmen mei-inoar, en dêr wolle je elkenien by behelje. Dan is it wol sa ‘aardich’ om de Frysktaligen ek dúdlik te meitsjen dat se der by hearre, dat sy ek diel binne fan dy polityk.”

Nei harren ûndersyk hawwe de studinten oan in oantal boargemasters in Frysktalige stimpas oerhandige, as in symboalysk advys om mear mei it Frysk te dwaan yn de stimproseduere. De fideo is no te besjen fia https://youtu.be/9yc0N2jDy1U. Yn it projekt Yung Frysk wurkje mbû- en hbû-studinten fan ferskate mediaopliedingen deroan om mear Frysk ûnder de jongerein te krijen. Yn de online omjouwing, bygelyks op Instagram, TikTok en YouTube, mar ek yn de fysike omjouwing, bygelyks om it stimloket hinne en by it stimproses.

Afbeelding
Louter blije gezichten bij Licht op Drachten Algemeen 17 uur geleden
Afbeelding
PC Probaat viert feest Algemeen 19 uur geleden
Afbeelding
Goud voor Yn'e Ringen bij Turn on Tour Algemeen 20 uur geleden
Afbeelding
Drukte in december, de bieb biedt ontspanning Algemeen 21 uur geleden
Afbeelding
(video) Oekraïne luidt noodklok deze winter! Friese Rijders komen met nieuwe actie Algemeen 22 uur geleden
Afbeelding
Kerstconcert zaterdag 16 december in het MFA in Holwert Algemeen 23 uur geleden
Afbeelding
It's beginning to look like Christmas Algemeen gisteren
Afbeelding
Libertas toont veerkracht tegen Middelburg! Algemeen 3 dec., 19:17
Afbeelding
Bowlsvereniging Smallingerland laat zich ook landelijk van haar beste kant zien Algemeen 3 dec., 17:47
Afbeelding
Prijsuitreiking NIC's Damwâld Algemeen 3 dec., 17:38
Afbeelding
Brandweer Dokkum zoekt nieuwe collega's Algemeen 3 dec., 17:20
Afbeelding
'Rottevalle': tegengestelden vinden elkaar in drietalig theater Algemeen 3 dec., 12:10
Afbeelding
Kerstconcert Jeduthun Algemeen 3 dec., 10:27