It sirkus-dekôr yn Suwâld, dêr't woansdeitejûn 20 septimber de premjêre is fan 'Pandarello'.
It sirkus-dekôr yn Suwâld, dêr't woansdeitejûn 20 septimber de premjêre is fan 'Pandarello'. Foto: Ingezonden

Reizgjend iepenloftspul begjint woansdei yn Suwâld

Algemeen

Toanielselskip ‘Kom mar op!’ út Suwâld hat wat nijs betocht: in ‘reizgjend’ iepenloftspul. It set woansdeitejûn 20 septimber 2023 út ein, op it Noarderein by Suwâld. Ek op 22 en 23 septimber is it dêr noch te sjen. Dan ferhuzet it ‘sirkus Pandarello’ (want it giet oer dit sirkus-yn-ferfal) nei Wyns en dêrnei noch nei Bakkefean.

It stik ‘In pakje foar signor Pandarello’ is skreaun troch Hans Brans en is in oade oan de magy fan fergonklikheid foar jong en âld. It toanielselskip kombinearret teater mei sirkuseleminten. ‘Kom mar Op!’ spilet it stik ek yn Wyns en Bakkean om sa it teater yn mear mienskippen te stimulearjen.

Sirkusparade

Foarôfgeand oan de foarstellingen sil der in sirkusparade wêze troch de neamde doarpen, mei wenweinen, ridende dekôrstikken en lokaal talint. Ek wurdt der gearwurke mei skoallen. Op de jûnen fan de foarstellingen is der in sirkus-foarprogramma op de spyllokaasjes.

Under rezjy fan Grytha Visser en mei begelieding fan choreografe en dûnseres Grietine Molenbuur is der dit jier faak repetearre: earst op in terrein achter it bedriuw Zuidema yn Suwâld en nei de simmerfakânsje op lokaasje oan ’t Noarderein, dêr’t ek it dekôr opboud is. Dûnseres en choreografe Grietine Molenbuur holp mei, dekôr en kostúms binne ûntworpen troch Marysia Jaworska, de muzyk is fan Omar Bakker.

Fan Suwâld nei Wyns en dan nei Bakkefean

De spyldata binne: yn Suwâld: woansdei 20, freed 22 en saterdei 23 septimber. De parade is op tiisdei 19 septimber. Yn Wyns: tongersdei 28, freed 29 en sneon 30 septimber; de parade is dêr op tiisdei 26 septimber.
Yn Bakkefean wurdt spile op tongersdei 5, freed 6 en sneon 7 oktober; de parade sil dêr wêze op tiisdei 3 oktober.

It foarprogramma begjint alle kearen om 19.30 oere, de foarstellingen begjinne 20.30 oere en de parades om 19.00 oere. Foar kaarten en fierdere ynformaasje oer dizze foarstellingen kinne jo telâne op www.kommarop.nl

Afbeelding
Kinke Kooi wint provinciale Gerrit Bennerprijs 2023 Algemeen 14 uur geleden
Afbeelding
“Oude sluis Ezumazijl dient opgeknapt te worden" Algemeen 15 uur geleden
Afbeelding
Route Wad een Kunst Algemeen 16 uur geleden
Afbeelding
Als monumenten konden praten... Algemeen 17 uur geleden
Afbeelding
Poppodium Badhus opent muziekseizoen 2023/2024 Algemeen 18 uur geleden
Afbeelding
Drachten krijgt er wellicht 15 camperplaatsen bij Algemeen 19 uur geleden
Afbeelding
Allerlaatste Nederlandse show punklegendes Cockney Rejects in Iduna Algemeen 19 uur geleden
Afbeelding
MuseumnachtFRL bij Terp Hegebeintum met archeologisch onderzoeker Robbert Velt Algemeen 20 uur geleden
Afbeelding
Boeren spelen de hoofdrol tijdens filmavond Museumnacht bij het Fries Landbouw museum Algemeen 28 sep., 20:00
Afbeelding
Kunstenaars en kraftlieden krijgen podium bij Observeum tijdens museumnacht Algemeen 28 sep., 18:30
Afbeelding
Nieuwe Parkhaven in Drachten klaar voor volgend vaarseizoen? Algemeen 28 sep., 17:07
Afbeelding
Jos Thie houdt Theun de Vrieslezing over ´Ketters´ Algemeen 28 sep., 16:08
Afbeelding
Hypocrisy-frontman met sideproject PAIN in Iduna Algemeen 28 sep., 14:57