Regiseur Theo Smedes.
Regiseur Theo Smedes. Foto: Keunstwurk

Audysje iepenloftspul ‘Kening & Kening’ yn Burgum

Algemeen

De audysjes yn Burgum foar it nije iepenloftspul ‘Kening en Kening’ wurde hâlden op 30 septimber 2023. Iepenloftspul Burgum spilet dit takom jier maaie. It ferhaal is yn 2002 as berneboek skreaun troch Stern Nijland (opgroeid yn Gytsjerk) en Burgumer Linda de Haan en wurdt bewurke ta in iepenloftspul troch regisseur Theo Smedes. As jo graach meidwaan wolle, stjoer dan in mail nei info@iepenloftspul.nl 

In noch net troude prins

It ferhaal giet oer in keninginne dy’t eins wol mei pensjoen wol. Mar har soan de prins is noch net troud en hy hat ek noch gjin partner. Der komme allegearre prinsessen op sicht, dêr’t de prins ien fan útsykje mei. Soe der in geskikte by sitte? Of falt de prins net op froulju?

By de Engie-sintrale

It stik wurdt spile op in prachtich plakje by de Engie Sintrale oan de eastkant fan Burgum. “Dêr leit in lyts keninkrykje ferskûle oan de râne fan de Burgumer Mar”, skriuwt it bestjoer fan Stichting Iepenloftspul Burgum. De spyldata steane al fêst: fan 23 maaie oant en mei 1 juny 2024.

Schindlers List

Regisseur Theo Smedes hie yn Burgum mei it stik ‘Schindlers List’ yn maaie 2022 grut súkses. Dat waard spile by it eardere suvelfabryk yn Burgum. It wie basearre op sawol de ferneamde spylfilm fan Steven Spielberg as op boeken oer it libben fan Joaden yn de Poalske stêd Krakau en de wurkkampen dêr, en boeken oer ûndernimmer Oskar Schindler. Dy seach kâns om - yn en by syn fabryk - fan ûngefear tûzen Joaden it libben te rêden, ek al wie ferneatigingskamp Auschwitz net fier ôf.

Afbeelding
Kinke Kooi wint provinciale Gerrit Bennerprijs 2023 Algemeen 14 uur geleden
Afbeelding
“Oude sluis Ezumazijl dient opgeknapt te worden" Algemeen 15 uur geleden
Afbeelding
Route Wad een Kunst Algemeen 16 uur geleden
Afbeelding
Als monumenten konden praten... Algemeen 17 uur geleden
Afbeelding
Poppodium Badhus opent muziekseizoen 2023/2024 Algemeen 18 uur geleden
Afbeelding
Drachten krijgt er wellicht 15 camperplaatsen bij Algemeen 19 uur geleden
Afbeelding
Allerlaatste Nederlandse show punklegendes Cockney Rejects in Iduna Algemeen 19 uur geleden
Afbeelding
MuseumnachtFRL bij Terp Hegebeintum met archeologisch onderzoeker Robbert Velt Algemeen 20 uur geleden
Afbeelding
Boeren spelen de hoofdrol tijdens filmavond Museumnacht bij het Fries Landbouw museum Algemeen 28 sep., 20:00
Afbeelding
Kunstenaars en kraftlieden krijgen podium bij Observeum tijdens museumnacht Algemeen 28 sep., 18:30
Afbeelding
Nieuwe Parkhaven in Drachten klaar voor volgend vaarseizoen? Algemeen 28 sep., 17:07
Afbeelding
Jos Thie houdt Theun de Vrieslezing over ´Ketters´ Algemeen 28 sep., 16:08
Afbeelding
Hypocrisy-frontman met sideproject PAIN in Iduna Algemeen 28 sep., 14:57