
BINGO!, monolooch oer grutskens en skamte yn Oerterp
AlgemeenTryater spilet de foarstelling BINGO! op sneon 25 febrewaris yn de MFC De Wier, Oerterp.
Fan ein jannewaris ôf bringt Tryater de Frysktalige ferzje fan BINGO!, in solo fan Tamara Schoppert oer earmoed en iensumheid. It stik spile begjin dit seizoen koart yn it Nederlânsk. De troch Herman van Wijdeven (bekend fan ûnder oare Mestmoeders en Niemand is hier eenzaam fan PeerGroup) skreaune tekst is troch Schoppert sels oerset. De foarstelling dêr’t se bingodame Tine yn spilet, is oant en mei ein maart sa’n tweintich kear te sjen op ferskate lokaasjes yn de provinsje.
Yn BINGO! sitst mei in bingokaart mei oaren oan in tafel. By it bekende spul mei de nûmere ballen wurdst meinaam nei Tine har jeugd. Flak foar en tusken de tafels troch spilet Tamara Schoppert. En wannear’t de priis wûn is, sjocht elkenien elkoar ris goed oan en drinkt noch in bakje kofje of tee mei elkoar.
Oer de foarstelling
Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt ferstoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts de suterige omstannichheden fan hoe’t har mem blykber wenne. Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Dy stiet ynienen yn in hiel oar deiljocht. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’
BINGO! is ûntwikkele op inisjatyf fan stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS) troch Ploech en eide, it teaterkollektyf fan ûnder mear Tamara Schoppert. De foarstelling is ek geskikt foar wa’t net fan it bingo-spul hâldt. Kaarten binne te krijen op tryater.frl
konsept: teaterkollektyf Ploech en eide | tekst: Herman van de Wijdeven | oersetting: Tamara Schoppert | regy: Mees van den Bergh | spul: Tamara Schoppert | dramaturgy: Dinanda Luttikhedde | foarmjouwing en kostúm: Hadewych ten Berge | sounddesign: Jan Klug | mei meiwurking fan: UP! Nederland