Anna Fardau hat wurdearring foar de nije kampanje.
Anna Fardau hat wurdearring foar de nije kampanje. Foto: Ynstjoerd

Kampanje: “Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters”

Algemeen

Minsken dy’t it Frysk op lettere leeftiid leard hawwe, saneamde nije Fryskpraters, brûke dy taal mar “hiel sporadysk”, en dat hat foar in part te krijen mei de taalhâlding fan de tradisjonele sprekkers.

Dat die ferline jier bliken út ûndersyk dat Ruth Kircher fan it Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen en Mirjam Vellinga fan de Afûk mei-inoar dien hawwe. De ûndersyksútkomsten wiene reden foar it opsetten fan in oanmoedigingskampanje.

Dûbel doel

Doel is oan de iene kant nije Fryskpraters te stimulearjen om troch te setten mei it Frysk praten. En dêrnjonken om ek de tradisjonele sprekkers op te roppen om dat folle mear te stypjen. Bewustwurding, begryp en kompliminten binne de haadyngrediïnten fan de online kampanje dy’t tongersdei 19 jannewaris 2023 fia ferskate sociale-media-kanalen fan Praat mar Frysk út ein set.

Nije taallearders fiele har faak minder op har gemak by it brûken fan de taal yn petearen mei tradisjonele sprekkers. “Nije sprekkers moatte in drompel oer”, seit Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk. “Dat is altyd sa ast in nije taal sprekst. It is ek wennen om dysels oare klanken útsprekke te litten.”

Demotivearjend

Mar njonken de taalkundige ûnwissichheid spilet ek de hâlding fan de memmetaalsprekkers, de tradisjonele sprekkers, in rol: “Memmetaalsprekkers ferbrekke har bygelyks gau en geane flot oer op it Nederlânsk.” Dat helpt nije taallearders net en wurket faak ek nochris hiel demotivearjend.

De memmetaalsprekkers dêr foaroer hawwe krekt it gefoel dat it ûnfatsoenlik is om de ‘minderheidstaal’ (it Frysk, yn dit gefal) te sprekken as der minsken by binne dy’t dat net of minder goed fersteane. “As minsken har dêr bewust fan binne, dan kinne se har gedrach feroarje”, seit Vellinga. De kampanje rjochtet him dêrom net allinnich op de nije Fryskpraters, mar ek op de memmetaalsprekkers fan it Frysk.

Fideo’s mei tips

De kampanje bestiet út in tal koarte fideo’s fan memmetaalsprekkers fan it Frysk en fan nije Fryskpraters: wat betsjut it Frysk foar harren? Wat fine se fan de nije taallearders, en oarsom: wat binne de erfaringen mei de memmetaalsprekkers? Alle fideo’s einigje mei in tip of oanmoediging.

Dêrnjonken wurde minsken oproppen om sels ek in oanmoediging op te nimmen of te skriuwen foar alle minsken dy’t no Frysk oan it learen binne of besykje mear Frysk te praten, de nije Fryskpraters. 

“Komplimint wurdt op priis steld”

Want: “In lytse oanmoediging, in komplimint en wat geduld wurde hiel bot op priis steld, benammen troch minsken dy’t it Frysk oan it learen binne. Kinst in taal allinnich mar leare ast dy faak om dy hinne hearst en brûke kinst. Dat is by in lytsere taal as it Frysk net altyd fanselssprekkend. Dêr hawwe wy inoar by nedich”, sa seit Ruth Kircher. Sy is sels in nije Fryskprater en ûndersiker by Mercator/Fryske Akademy.

Sa’n 150.000 nije Fryskpraters

Nije Frysklearders binne in belangrike groep as it giet om it behâld fan it Frysk. Op it stuit is in tredde fan de Fryskpraters fan hûs út net Frysktalich. Dat binne sa’n 150.000 minsken. In hiel grutte groep dus. It projekt Nije Fryskpraters is in gearwurking tusken Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen/Fryske Akademy en de Afûk

Afbeelding
Het belang van een stevig gefundeerde tuin Zaken 18 uur geleden
Inspectie van Onderwijs geeft dr. Theun de Vriesskoalle 'opstekker'
Inspectie van Onderwijs geeft dr. Theun de Vriesskoalle 'opstekker' Algemeen 20 uur geleden
De prejunioren
Ritmische groepen OBQ-DFS naar NK AHOY Algemeen 20 uur geleden
Concert zanger-pianist Roon Staal te Augustinusga in de Augustinitsjerke
Roon Staal doet Augustina aan tijdens lente tour Algemeen 22 uur geleden
Waar het hart vol van is…
Matthé Vos en André van der Meer in ontmoetingsdienst Algemeen 23 uur geleden
De Tarissing uit Rinsumageast door naar de finale van het NK schooldammen.
De Tarissing uit Rinsumageast door naar de finale van het NK schooldammen Algemeen 23 uur geleden
Succesvolle voorstellingen van Kain in Ferwert.
Succesvolle voorstellingen van Kaïn in Ferwert Algemeen gisteren
De kampioensploeg van Warga.
Warga kampioen na 0-3 winst op Nieuw Roden Algemeen 21 apr, 22:06
Een moment uit de wedstrijd van Libertas tegen FC Marlène.
Libertas kan het niet bolwerken tegen koploper FC Marlène Algemeen 21 apr, 21:28
Ropta Boys en Viod strijdbaar maar scoren niet.
Ropta Boys en Viod strijdbaar maar scoren niet Algemeen 21 apr, 21:17
Be Quick Dokkum vergeet te winnen van Wykels Hallum.
Be Quick Dokkum vergeet te winnen van Wykels Hallum Algemeen 21 apr, 19:59
Anjum doet goede zaken na winst op Harkema Opeinde. Foto ter illustratie.
Anjum doet goede zaken na winst op Harkema Opeinde Algemeen 21 apr, 19:55
Een moment uit de wedstrijd van Kollum tegen LTC
Kollum blijft steken op gelijkspel tegen 9 man van LTC Algemeen 21 apr, 19:43