’t Readtsjerkje mei in skildereksposysje fan Erik Wijthoff
AlgemeenIt Readtsjerkje yn Readtsjerk is fan ‘t simmer fan 2 july oant en mei 10 septimber alle sneontemiddeis fan 13.30 oant 17.00 oere iepen, útsein 6 augustus. Der komt in nije eksposysje en jo kinne it prachtige tsjerkje besjen. Der steane frijwilligers klear om as gastfrou/-hear it ien en oar oer de skiednis te fertellen.
Erik Wijthoff sil dit jier syn skilderijen exposearje. Fan 1974 oant 2015 wie Wijthoff húsdokter yn de Trynwâlden. Yn 2005 wie hy langere tiid siik en koe hy syn wurk as húsdokter net dwaan. Ek sporten as hurdrinne, fytse, reedride en golfje kamen op in leech pitsje te stean. Wat te dwaan? Skilderje! It portretskilderjen hie wol syn foarkar en dêr gie dan ek de measte oandacht nei út.
Portretten en mear
Hy hat in skoft les hân fan Doet Boersma, dy’t yn 2021 de eksposysje yn ‘t Readtsjerkje fersoarge hat. Wijthoff skilderet portretten fan bygelyks sporters as Eeuwe de Vries, dy’t as jongste dielnimmer de alvestêdetocht fan 1963 útriden hat. Der komt ek in portret fan sjongeres Gezina van der Zwaag. Sy sil in konsert jaan by de iepening op 2 july om 13.30 oere (tagong fergees!).
Ferkeap by opbod
Noch in boppeslach: Wijthoff makke lânskipsskilderijen fan de tsjerke fan Wânswert en fan ’t Readtsjerkje. Hy biedt dizze skilderijen te keap oan (by opbod fia de webside www.readtsjerkje.nl) en de opbringst is foar ’t Readtsjerkje. It tsjerkje is yn behear by stifting ‘Ta behâld fan ‘t Readtsjerkje’. Fierdere ynformaasje folget op de webside www.readtsjerkje.nl