Winner Leo Popma hâldt it byld fan Anne Woudwijk fêst. Links neist him syn frou Sjoukje en de trije sjueryleden (Gerrit Breteler, Marijke de Boer en Ale S. van Zandbergen), rjochts fan Popma boargemaster Rijpstra (mei de cheque), Anne Woudwijk en syn dochter, kollega en help Roelie Woudwijk.
Winner Leo Popma hâldt it byld fan Anne Woudwijk fêst. Links neist him syn frou Sjoukje en de trije sjueryleden (Gerrit Breteler, Marijke de Boer en Ale S. van Zandbergen), rjochts fan Popma boargemaster Rijpstra (mei de cheque), Anne Woudwijk en syn dochter, kollega en help Roelie Woudwijk. Foto: Actief Media

Leo Popma kriget 10e Rink van der Veldepriis

Algemeen

Foar syn roman ‘It sket fan Toussaint’ (2020) hat skriuwer Leo Popma út Gytsjerk de tsiende Rink van der Veldepriis wûn. Hy krige de priis - 2.000 euro en in byld fan byldhouwer Anne Woudwijk - sneontemiddei 18 juny 2022 yn restaurant It Polderhûs yn de Feanhoop.

De sjuery bestie út Marijke de Boer, Gerrit Breteler en Ale S. van Zandbergen (winner fan de priis yn 2014). De priis wurdt om de twa jier takend troch de gemeente Smellingerlân. Boargemaster Jan Rijpstra oerlange it byld fan Anne Woudwijk, in yn hurdstien hakt portret fan in wolf.

Byld fan in wolf

“Ik tink dat Rink van der Velde dat ek goed fûn hie”, sei Woudwijk, “in nij fenomeen yn de natoer yn ús lân.” Popma krige de cheque fan 2.000 euro út hannen fan Pieter de Groot, út namme fan stichting it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

Kar út 18 boeken

Ut namme fan de sjuery lies Gerrit Breteler it sjueryrapport foar. Der wiene 18 ynstjoeringen út de jierren 2020 en 2021, allegearre romans, novellen of koarte ferhalen, it soarte proaza dat Rink van der Velde ek skreau. “Dat wiene minder as de jierren dêrfoar. Wêr’t dat oan leit, witte wy net”, sei Breteler.

Hy priizge de styl en de wurdkar fan de roman en ek it ferhaal as sadanich. ‘Foar in breed publyk’, in fereaske foar de priis, dêr hat de sjuery wol wat fraachtekens by. “It is in boek dat der om freget faker as ien kear te lêzen”, sei Breteler.

Krityske opmerkings

Hy hie oan de ein fan syn foardracht ek wat krityske opmerkings: der steane frijwat skriuwflaters yn it boek en de ôfbrekkings oan de ein fan in rigel binne faak ynkorrekt. “Dat liedt ôf fan it lêzen”, neffens de sjuery.

Boargemaster Jan Rijpstra ûnderstreke it belang fan it Frysk foar de Fryske kultuer. “It Frysk giet noch wat djipper as de memmetaal. Ik fernim dat by de kursus Frysk dy’t ik folgje”, sei Rijpstra.

Oare wurkwize

Popma sei yn syn tankwurd wiis te wêzen mei de priis en mei it sjueryrapport. Hy wie ek wiis mei de gong fan saken, dit kear. “Acht jier lyn wie ik nominearre, mei trije oare skriuwers, foar de priis. Foarôfgeand oan de útrikking sieten wy mei ús fjouweren op in bankje foar heechút trije minsken. ‘It strafbankje’ fan Smellingerlân! Ale van Zandberge siet op it hoekje en hie de measte romte. Hy wûn doe de priis.”

“It doarp as libbensfoarm”

Dit kear krige Popma al in wike as wat lyn in telefoantsje fan de ferantwurdlik amtner, mei it boadskip dat er de priis wûn hie. Popma gie ek noch efkes yn op de ynhâld fan it boek: “Ik keas foar it doarp as libbensfoarm. In enklave, mei ekistensjeel isolemint. Gjin provinsjalisme, it universele moast werkenber wurde.”

Hy betanke syn útjouwer Goasse Brouwer fan Utjouwerij Frysk & Frij, dy’t him oanmoedige hie it boek te skriuwen. Oan de ein sitearre Popma Gerard Reve, âld-ynwenner fan it doarp Greonterp: “Het is gezien, het is niet onopgemerkt gebleven.”

Haal je zolder leeg en kom naar de vrijmarkt.
Sta jij op Koningsdag ook op de vrijmarkt? Algemeen 4 uur geleden
lezing over eerste emigranten uit Driezum en Wâlterswâld naar Amerika!
Lezing over eerste emigranten uit Driezum en Wâlterswâld naar Amerika! Algemeen 19 uur geleden
Van de drie geschikte locaties voor een kleinschalig azc in Dokkum is locatie A het meest geschikt, vindt het college van b. en w.
College: "Watertorenbuurt in Dokkum voorkeurslocatie AZC" Algemeen 19 uur geleden
Vrijmarkt in Dokkum in 2023.
Koningsdag in Friesland: een kleurrijk feest van tradities en vermaak! Algemeen 20 uur geleden
De locatie op de Hogedijken met de grootste fan en tevens gast zanger Evert Vries in het midden
Een feestelijke dag voor het jubilerend koor Rûm Sop Algemeen 21 uur geleden
Waterpolodames Wetterwille Burgum kampioen
Burgumer waterpolodames naar de eerste klasse Algemeen 22 uur geleden
Arjen (zoon van Ciska) en Maaike (dochter van Gretha). Zij hebben samen de opening gedaan in 2004 en zijn beide nu werkzaam binnen het bedrijf. Arjen als verkoper tuinmachines en gereedschappen en Maaike in de weekenden in het Ruiterhuis.
Bosgra Hurdegaryp 20 jaar in nieuwe pand! Algemeen 23 uur geleden
Koningsdag Drachten 2023
Koningsdag in Friesland: een kleurrijk feest van tradities en vermaak! Algemeen gisteren
Afbeelding
Het organiseren van een geslaagde poolparty Zaken gisteren
De Grote Kerk
Orgelconcert Eeuwe Zijlstra in Grote Kerk Drachten Algemeen 24 apr, 09:40
Rin mei, mei de njoggende Tykster Kuier.
Rin mei, mei de njoggende Tykster Kuier Algemeen 24 apr, 08:30
Het Oranje Comité Kollum
It giet oan op Keningsdei yn Kollum Algemeen 23 apr, 19:00
Beginnerscursus NN Running Coach; voor iedereen die met plezier wil hardlopen!
Beginnerscursus NN Running Coach voor iedereen die met plezier wil hardlopen! Algemeen 23 apr, 17:00