Noch in ekstra foarstelling fan Schindlers List
AlgemeenFanwege de grutte belangstelling spilet Iepenloftspul Burgum op woansdei 11 maaie 2022 nochris in ekstra foarstelling fan Schindlers List. Dit njonken de ekstra foarstelling op 19 maaie dy’t samar útferkocht wie. Kaarten binne te keap op www.iepenloftspul.nl.
De ferneamde film Schindlers List is bewurke ta in iepenloftspul troch Theo Smedes, dy’t ek de rezjy foar syn rekken nimt. De foarstelling wurdt spile op it binnenplak fan it âlde molkfabryk yn Burgum, oan de Burgumerdaam. Dit omdat it fabryk fan Schindler yn Krakau (1940-1945) ek in soarte fan haadrol spilet.
Jo begripe dat it dekôr der sadwaande feitlik al stiet. It ferhaal fan Oskar Schindler, dy’t 1100 ‘eigen’ Joadse meiwurkers rêden hat troch dizze minsken yn syn fabryk wurkje te litten, en nochris sa’n hûndert oaren, sil op in bysûndere wize brocht wurde. As taskôger wurde jo meinommen yn de tiid fan deTwadde Wrâldoarloch.