'Lange Anna' is in opfallend diel fan Hllgelân (Helgoland). Op dit eilân sil de Dútse ferzje fan 'De Stjer' yn premjêre gean.
'Lange Anna' is in opfallend diel fan Hllgelân (Helgoland). Op dit eilân sil de Dútse ferzje fan 'De Stjer' yn premjêre gean. Foto: Ingezonden

Fryske film Stjer aanst ek yn fiif oare talen te sjen

Algemeen

Sneon 21 maaie is op Hilgelân (Helgoland) de Dútse premjêre fan de Fryske aksjekomeedzje Stjer. Boppedat ek yn noch fjouwer oare talen. It is ien fan de programma-ûnderdielen fan it 21ste ‘Friesendroapen’ dat fan 20 oant en mei 22 maaie plakfynt op dit eilân yn de Dútske Bocht fan de Noardsee. It is boppedat sechtich jier lyn dat it earste Ynterfryske Friesendroapen dêr foar it earst plakfûn.

De Frysktalige bioskoopfilm fan de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist is op 6 septimber 2021 útkaam en wurdt yn opdracht fan de Fryske Rie spesjaal foar dizze gelegenheid fan Dútske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser, yn oparbeidzjen mei dr. Claas Riecken fan it Nordfriisk Instituut. 

Freedtejûn 20 maaie draait de film ‘Der Krug an der Wiedau’. Dat is de earste Noardfryske film ea. In komyske misdiefilm yn fiif talen: it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy film is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken en regisearre troch Gary Funck. Begjin fan it jier is de film fan Fryske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser.

It Ynterfryske liet op muzyk

“Wy bin bûn, ferparte, mar nea oerwûn...” sa begjint it nije Ynterfryske liet wêrfan’t de tekst troch de dielnimmers fan in ‘wurkwinkel’ by it Friesendroapen yn 2019 skreaun waard ûnder begeleiding fan de Fryske folkband Baldrs Draumar. It is no op muzyk set. Dit jier by it Friesendroapen is Baldrs Draumar presint om it nije Ynterfryske Liet foar it earst live nei foaren te bringen. It doel fan it liet is om de ferbining tusken de Fryslannen te beklamjen en te fersterkjen.

Begûn yn 1962

Oan it begjin fan de sechtiger jierren ûntstiene de earste oerwagingen foar in ynterFryske gearkomste foar alle leeftiidsgroepen. Yn 1962 wie it earste treffen op Hilgelân, dat om ‘e trije jier East-, West- en Noard-Friezen yn de betide simmer foar trije dagen nei it offshore-eilân lûkt. Fan 20 oant en mei 22 maaie 2022 is it wer safier. De organisaasje wikselet om de trije jier fan seksje en dit jier is de organisaasje yn hannen fan de Frasche Rädj (Sektion Nord). De Fryske Rie is presint mei sa’n 60 dielnimmers, bygelyks De Fryske Dûnsers.

Actueel

Kom in de bieb in Drachten studeren!
Voor eindexamen studeren in de bieb Algemeen 50 seconden geleden
Leerlingen Jildou, Marije en Ilse met hun Eervolle Vermelding en juryrapport Jan Penprijs (v.l.n.r.)
Vier leerlingen van Lauwers College Buitenpost behoren met profielwerkstuk tot besten van Nederland Algemeen 1 uur geleden
 Vrijwilliger Sukran tijdens de sport- spel- en bewegingsactiviteiten van TeamUp
TeamUp zoekt dringend vrijwilligers om gevluchte kinderen te ondersteunen in Leeuwarden Algemeen 1 uur geleden
De documentaire Blaasmuziek heeft een award gewonnen.
Omrop Fryslân en BBC grote winnaars bij PRIX Circom Algemeen 2 uur geleden
‘De kracht van Muziek’
Stemmenorkest in de Alexanderkerk in Rinsumageast Algemeen 3 uur geleden
Pesten is een onzichtbare pijn die overal kan toeslaan.
Samen streven naar een pestvrije samenleving Algemeen 5 uur geleden
'Nifelje mar ta!' gaat door!
'Nifelje mar ta!' yn Dokkum gaat door! Algemeen 6 uur geleden
Willem Helfrich neemt u mee op een reis door de geschiedenis van het gevangeniswezen in Friesland.
Lezing: Gevangen in Friesland Algemeen 6 uur geleden
Winnaars voorronde Friesland bekend
Winnaars voorronde kunstbende Friesland bekend Algemeen 7 uur geleden
De tweedehands boekenverkoop in de Doopsgezinde Kerk te Drachten gaat binnenkort weer los. Tekening ter illustratie.
Verkoop 2e hands boeken in Drachten Algemeen 23 uur geleden
Op dinsdag 30 april bij De Fytsdokter
Tworby testdag bij De Fytsdokter in Kollumersweach Algemeen gisteren
De voorstelling heet dit jaar lytse Pier en de flok fan it Berneiepenloftmuseum. Een stuk gebaseerd op de film Night at the museum
Het berneiepenloftspul geeft een inkijkje in de Friese cultuur Algemeen gisteren
Stef Boes, overgangsconsulente van Nieuw Getij.
Specialistisch verpleegkundige overgang/ vrouwenzorg Algemeen 17 apr, 14:02
Zachte natuurtinten, maar ook vrolijker accenten van kleur zie je terug in de collectie voor de
allerkleinsten.
Aline Fashion breidt uit met babycollectie Algemeen 17 apr, 13:15
Probeer een speed-pedelecs van Klever bij Egbert Tweewielers.
Probeer speed-pedelecs van Klever tijdens opstapdag bij Egberts Tweewielers Algemeen 17 apr, 11:53
Pannenkoekendag in Rottevalle
Pannenkoekendag in Rottevalle Algemeen 17 apr, 11:00