‘Karavaan van de Vriendschap’ freed 4 maart yn Opsterlân
AlgemeenFreed 4 maart start de fiifde etappe fan de ‘Karavaan van de Vriendschap’ yn Beetstersweach. Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân sil om 11.30 oere yn De Buorskip it ‘pact van de vriendschap’ ûndertekenje út namme fan de gemeente.
Yn gearwurking mei dichter Froukje Reitsema wurdt it ‘Gedicht van de Vriendschap foardroegen. Underweis wurde ferskate minsken ferrast mei in koarte besite fan de karavaan mei muzyk, dûns en poëzy.
Simon Vuyk op bakfyts
Inisjatyfnimmer Simon Vuyk út Harns wol hiel Fryslân in besite bringe mei syn bakfyts. Hy fytst mei ûnder oare trûbadoer Bruno Rummler en dûnseressen Colinda Zandberg en Annalies Muurling elke earste freed fan de moanne troch de provinsje. Underweis stiet freonskip sintraal.
Fêstlein en ferspraat troch de Afûk
Spontane moetingen wurde ôfwiksele mei besites oan âldereinsintra, buerthuzen of lokaasjes mei bern, as antwurd op iensumheid yn de maatskippij. Ferhalen fan freonskip wurde fêstlein troch de Afûk en meinommen de wide wrâld yn. Spesjaal haakte ‘Blomkes fan de Freonskip’ wurde trochjûn.