De Fryske ynprekwike: eltsenien dy't Frysk praat en 18 jier of âlder is, kin meidwaan.
De Fryske ynprekwike: eltsenien dy't Frysk praat en 18 jier of âlder is, kin meidwaan. Foto: Ynstjoerd

Fryske ynsprekwike: 20-26 septimber 2021

Algemeen

De provinsje Fryslân hat dêrom, mei ûnder oare de Afûk, de Fryske Akademy en NHL/Stenden, de ‘Fryske ynsprekwike’ ynsteld. ‘Mozilla Common Voice’ is in iepen platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen, wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin.

Spraaktechnology wurdt hieltyd wichtiger. It wurdt ynset om ‘masjines’ te learen hoe’t minsken sprekke yn ferskillende talen en om masjines sels spraak produsearje te litten. Tink oan in soarchrobots, Siri, Google Home en sa mear. Dy ‘masjines’ moatte ek Frysk kinne, fine ferskate organisaasjes.

Jo ‘ynspraak’ is nedich!

Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan 300 oeren ynsprutsen tekst te kommen. Dochst ek mei oan de Fryske ynsprekwike fan 20 oant en mei 26 septimber? Harkje yn dy wike ek nei Omrop Fryslân-radio, mei in soad omtinken foar taaltechnology en de ynsprekwike. Alle dagen wurdt fia in aksje op Omrop Fryslân-radio in Google Home-miny weijûn!

Hoe dochst mei?

Hast dyn tillefoan, tablet of kompjûter by de hân? Gean nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari). Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’ Sprek dyn sinnen yn. Do kinst it eventueel weromharkje foardatst it ynstjoerst.

Klik op de knop ‘Yntsjinje’. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’. Kinst safolle sinnen ynsprekke of tsjekke ast sels wolst.

Tûke trúks

Praat sa’st altyd praatst. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ‘e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen. Do hoechst gjin aparte mikrofoan te brûken. De ynboude mikrofoan fan dyn telefoan, tablet as kompjûter is goed genôch.

Minimaal 18 jier âld

It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen. De betingsten fan Mozilla binne datst op syn minst 18 jier wêze moatst. Do kinst derfoar kieze om in akkount oan te meitsjen, mar dat hoecht net perfoarst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar en RUG/Campus Fryslân.

Actueel

Het potgoed
Het voorjaar is in aantocht en daarom is het weer tijd voor de Plantjesmarkt! Algemeen 1 uur geleden
De nieuwe dorpsmolen van Reduzum kwam er na een langdurige lobby van zowel het dorp Reduzum als van de gemeente Leeuwarden richting provincie Fryslân.
'Us Koöperaasje' wil meer mogelijkheden voor 'dorpsmolens' Algemeen 2 uur geleden
Sebastiaan Schippers en Ilse Terpstra
Oranjeconcert op Koningsdag in de Petruskerk van Wânswert Algemeen 2 uur geleden
Herdenking in de Petrustsjerke Garyp
Kerkelijke 4 mei - herdenking Algemeen 3 uur geleden
The Sidekicks
Bluesband The Sidekicks presenteert 28 april nieuwste album bij Iduna Algemeen 4 uur geleden
Leerlingen cbs de Arke leggen stenen bij herdenkingsmonument Paul Kaufman.
(video) Leerlingen cbs de Arke leggen stenen bij herdenkingsmonument Paul Kaufman Algemeen 20 uur geleden
So Fuckin’ Confused
Het Italiaanse So Fuckin' Confused komt 25 april met hun explosieve hardcore punk naar Iduna Algemeen 20 uur geleden
Auto eindigt op ondergrondse container
Auto eindigt op ondergrondse container 112 22 uur geleden
De voormalige Rabobank in Hurdegaryp staat op de nominatie om plaats te maken voor woningbouw.
"Tytsjerksteradiel op koers met nieuwbouw woningen" Algemeen 23 uur geleden
Vrijwel alle openbaar vervoer in Nederland, van onder andere Arriva (voorgrond) en NS (achtergrond) staat zaterdagavond 20 april 2024 om half elf drie minuten stil.
Treinen en bussen ook in Fryslân drie minuten stil Algemeen gisteren
KF De Wâlden-speler Van Dijk maakt stap naar de Korfbal League
KF De Wâlden-speler Van Dijk maakt stap naar de Korfbal League Algemeen 19 apr, 11:00
Kan hier de Lelylijn komen? Op de achtergrond bedrijventerrein A7-zuid bij Drachten en het klaverblad met de A32. (Links, niet zichtbaar, de A7).
Robin Hartogh Heys: "Noord-Nederland moet zich uiten over Lelylijn" Algemeen 19 apr, 10:16
Kiwi intake
Zeehondencentrum Pieterburen vangt eerste pup van de zomer op en het is de vroegste ooit. Algemeen 19 apr, 10:00
De drie winnaars. In de midden winnares Noorde Schuurman, links van haar Indy Lynn Franken en rechts van haar Roos Gerdingh.
Noore Schuurman is de beste (brugklas)voorlezer van Fryslân! Algemeen 19 apr, 08:58
Ook de tuin van buitenplaats Oranjestein in Oranjewoud is een ontwerp van Pieter Lucas Roodbaard
Lezing 'Lucas Pieter Roodbaard' door Rita Radetzky: een veelgevraagd tuinarchitect in Noord-Nederland Algemeen 19 apr, 08:00
Alle winnaars van Kunstbende
Winnaars voorronde Kunstbende Friesland bekend Algemeen 18 apr, 17:02