F.l.n.r.: Rienk Boskma, wethâlder Gerben Wiersma, Durk Holwerda en Henk Kemper.
F.l.n.r.: Rienk Boskma, wethâlder Gerben Wiersma, Durk Holwerda en Henk Kemper. Foto: Koos Scherjon

Gearwurking om de Campus Damwâld hinne

Algemeen

Doarpsbelangen Damwâld, Stichting Campus Damwâld, de gemeente Dantumadiel en de fjouwer sportferienigings: v.v. De Wâlden, v.v. Broekster Boys, k.v. W.I.K.’34 en Tennisclub Damwâld wurkje oan mienskiplike útgongspunten oer de ynrjochting fan it gebiet om de nije Campus Damwâld hinne.

Fertsjinwurdigers fan dizze organisaasjes prate mei elkoar oer de kânsen dy’t sjoen wurde om mear ferbining mei elkoar te lizzen. Dit plan is saterdei oanbean oan wethâlder Gerben Wiersma. De ferskate partijen freegje de gemeente om harren te helpen by de realisaasje fan de plannen.

“It is geweldich om te sjen hoe’t de ferienings, doarpsbelangen en oare frijwilligers harren ynsette foar it gebiet by de Campus. As gemeente steane wy achter de plannen en helpe wy graach fierder mei de realisaasje”, seit de wethâlder.

Dr. J. Botkepark

It Dr. J. Botkepark wurdt op dit stuit yngreven oanpakt. Der moat noch it ien en oar ynfold wurde om de nije Campus hinne en de Tennisclub sil oan de slach mei it duorsum meitsjen fan harren park.

“In moai moment om te sjen hoe’t jo it ien en oar kombinearje kinne”, fine de inisjatyfnimmers. De beide fuotbalferienigings en korfbalferieniging binne ek oanheakke. De Koninklijke Nederlandse Heide Maatschappij (KNHM) is frege om advys te jaan.

KNHM: kuierpaden

De KNHM hat op ferskillende kaarten har ideeën sketst. It brûken fan itselfe materiaal lykas “cortenstaal” soarget der al foar dat der mear ienheid yn it gebiet komt. Ek it meitsjen fan mear ferbining tusken it Dr. J. Botkepark, Campus Damwâld en de sportfjilden is in ûnderdiel. Dat kin bygelyks mei kuierpaden.

Jeugd en bûtensporten

Alle ideeën en winsken hat de KNMH ferwurke yn in kânsenkaart dy’t beskikber is foar alle partners en de gemeente. De sportferienigings, mar ek de gemeente wolle mei dit proses berikke dat benammen de jeugd fan bygelyks de Campus yn de kunde komt mei de bûtensporten fan Damwâld.

‘Oantreklik oanbod’

“De winsk is dat it in oantrekkelik gebiet wurdt foar de ynwenners fan it doarp om efkes in slagje om te gean. It slút ek moai oan op de rûte fan de Halepaden. Njonken de kânsen op gearwurking yn de ynfrastrukteur is der ek winst om as sportferienigings, Campus en gemeente mei elkoar op te lûken yn it ûntwikkeljen fan in oantrekkelik oanbod foar de jeugd”, ferwachtsje de belutsen ferienings.

Actueel

Theatervereniging in Oudega speelt
Theatervereniging "op e nij Bigoun" uit Oudega speelt de komedie met de titel "Ut" van Nick Hall Algemeen 25 minuten geleden
De inzittenden konden in de voorbijvarende boot klimmen
Bestelbus belandt in Stroobossertrekvaart Algemeen 38 minuten geleden
Fietser gewond na botsing met voetganger
Fietser gewond na botsing met voetganger Algemeen 49 minuten geleden
Kom met z'n allen paaseieren zoeken bij Glinstra State.
Paaseieren zoeken bij Glinstra State Algemeen 52 minuten geleden
Wethouder Berber van Zandbergen bedankt energiecoach Jarno Steringa voor zijn inzet.
Energietour succesvol afgesloten in Gytsjerk Algemeen 1 uur geleden
Wethouder Berber van Zandbergen geeft het startschot voor het programma Doortrappen Feiliger Fytse.
Doortrappenseizoen feestelijk van start gegaan in Oentsjerk Algemeen 1 uur geleden
Kom op zaterdag 30 maart naar het tennispark De Folgeren in Drachten
Open Tennis- en Padeldag bij DLTC Drachten Algemeen 2 uur geleden
Presentatie Dokkum Magazine
Nieuwe initiatieven komen samen tijdens oploop Promotie Dokkum Algemeen 2 uur geleden
WOL - Natuurlijke Vezels
Ga paasmaandag op wollige kraamvisite Algemeen 3 uur geleden
Ik wol in bosk op 'e jierdei!
Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: 'Ik wol in bosk op 'e jierdei' Algemeen 4 uur geleden
© Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
foto dd 24-03-2024

Nes

GGZ AFUK
Theaterkerk

Presentatie magazine Taal yn ‘e soarch
Eerste Rede foar de geast én presentatie magazine over taal in de zorg Brok: 'Taal is de kaai ta goeie soarch' Algemeen 5 uur geleden
Steeds meer mensen positief over openbaar vervoer in Friesland
Reizigers positief over bus- en treinvervoer in Fryslân Algemeen 6 uur geleden
Op vrijdag 5 april treed Omniband op in Rottevalle
Omniband met 'Hé, gezellig' Algemeen 7 uur geleden
Tijdens het 100-jarig jubileum van CMV Concordia trad onder andere Thirza op
100-jarig jubileum van brassband Concordia uit Wânswert Algemeen 7 uur geleden
Geslaagd 1e Kollum Open Padel weekendtoernooi
Geslaagd 1e Kollum Open Padel weekendtoernooi Algemeen 8 uur geleden
De start van de campagne
Campagne Doortrappen feestelijk van start Algemeen 23 uur geleden