Lêzersreüny ‘We strûpe derûnder’ mei fartocht yn De Alde Feanen
AlgemeenAl skoften binne bestjoer en frijwilligers út Wartn en omkriten dwaande om sinten byinoar te swyljen foar it grut ûnderhâld fan ryksmonumint de Ald-Fryske Greidbuorkerij. Want om stipe te krijen, moat Museum Warten earst sels mei aardich wat jild op it kleed komme. Yn it wykein fan 25 en 26 septimber 2021 is der dêrom in lêzersreüny fan ‘We strûpe derûnder’.
In ploechje Wartensters hat yn’t foarjier de heakape al flink ûnder hannen naam. Mei tank oan dizze manlju stiet er der wer kreas foar en kin er wer jierren mei! No is de Ald Greidbuorkerij oan bar! Dêrom organisearret Museum Warten yn gearwurking mei skriuwer Gjalt de Groot in barren yn de foarm fan in ‘Lêzersreuny’, nei oanlieding fan it sukses fan Gjalt syn boek ‘We strûpe derûnder’.
Twa dagen fan alles te rêden
Dat boek giet oer it libben fan boeren en komelkers yn de Alde Feanen tusken rûchwei 1900 en 1970. De lêzersrüny giet net allinne oer it boek, mar giet ek om de ferhalen en fragen dy’t it losmakke by tal fan lêzers. Dit barren is by en yn de Greidbuorkerij en de fiskerskeamer fan it Earmhûs te Warten, sneon 25 en snein 26 septimber, beide dage fan healwei tsienen moarn oant fiif oere middeis.
Fisk, iel, potstro mei spek en grauwe earten
Dizze dagen is oan it Hellingpaed 3-9 fan alles te belibjen! Der wurde netten en foeken taand yn de grutte taantsjettel. Op in pear âlde kachels binne manlju oan it fiskbakken en Gjalt stiet der te ielrikjen - sa waarm út de tonne binne se ommers op it lekkerst! Woest altyd alris witte hoe as potstro of grauwe earten mei bret spek smakket? Dizze dagen kinst it priuwe!
Preamtochten yn de Alde Feanen
Ek binne der preamtochten troch de Alde Feanen, by lâns Luctor et Emergo, Cuba, Sytze en Maaike-hússtee en al dy oare (eardere) pleatsen del, dy’t yn it boek neamd wurde. Underweis is der kofje of tee.
Wolst meifarre, dan is it saak om dy yntiid op te jaan, want fol is fol! Kosten foar de preamtocht binne tsien euro en jo kinne dizze dagen op meardere tiden fan wâl stekke. Opjefte fia anneheegstra@gmail.com of 06 - 46 97 64 28. Hiel graach oant sjen op 25 as 26 septimber 2021 op Hellingpaed 3-9 yn Warten.