'Wachtsje op heech wetter', it dûbele byld fan keunstner Jan Ketelaar op de seedyk by Holwert, komt ek yn it nije bûsboekje oan bod.
'Wachtsje op heech wetter', it dûbele byld fan keunstner Jan Ketelaar op de seedyk by Holwert, komt ek yn it nije bûsboekje oan bod. Foto: Actief Media

It nije bûsboekje is ferskynd, it giet oer de romte

Algemeen

‘Rûmte’, sizze se en skriuwe de minsken yn de Fryske Wâlden. ‘Romte’ hat de foarkar fan de oare Frysktaligen. ‘Romte’ is tema fan it bûsboekje 2022, de Fryktalige aginda dy’t écht yn de measte bûsen past. Dêrom hjit it yn it Frysk ‘bûsboekje’. Dat is wat oars as in busboekje: dêr steane de tiden yn fan de bussen fan it iepenbier ferfier.

De kleur fan it omslach is dit kear in soarte fan blau, Middelsee-blau, soe men hast sizze kinne. Dy kleur fynt men yn op de binnensiden werom, bygelyks by de datanûmers fan de sneonen en de sneinen (’zaterdagen en zondagen’), dus fan de wykeinen.

‘Dielde romte’

‘Diel de romte’ is de titel fan it foaropwurd fan de redaksje. ‘Dielde romte’ of ‘shared space’ is de titel fan in oare bydrage, oer hoe’t fuotgongers, fytsers en auto’s, bussen en frachtweinen op stadichwei mear plakken yn Fryslân, Nederlân én dêrbûten ‘de romte diele’. Betocht troch de Oerterper ferkearskundige Hans Monderman, dy’t stoar yn 2008.

‘Keunst yn de iepen romte’

‘Keunst yn de iepen romte’ is in oare tekst yn it bûsboekje, mei in foto fan it dûbele keunstwurk fan de Drachtster keunstner Jan Ketelaar, mei ek in blauwe loft lykas op bygeande foto, mar dan de bylden wat donkerder ôftekene tsjin de blauwe loft.

Siswizen en sitaten

As fanâlds fynt de lêzer en brûker fan it bûsboekje ek wer in soad siswizen en foaral tapaslike sitaten, no dus oer ‘de romte’. Aktueel nei de koartlyn makke kommersjele romtetochtsjes is bygelyks: ‘De Romte is hielendal net fier fuort: in oerke riden ast mei de auto rjocht omheech kinne soest’ (Fred Hoyle, Britsk kosmolooch, 1915-2001).

It Frijlân

Moandei 26 july is it earste eksimplaar fan it nije bûsboekje oerlange oan Jantien de Boer, de LC-sjoernalist en -kollumnist dy’t har drok makke(t) oer ‘lânskipspine’. Dat oerlangjen barde op It Frijlân by Goutum, dat ék omtinklen kriget yn it bûsboekje 2022. It bûsboekje wurdt útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging en is yn de measte boekhannels te keap foar 7,50 euro.

Kom met z'n allen paaseieren zoeken bij Glinstra State.
Paaseieren zoeken bij Glinstra State Algemeen 1 uur geleden
Wethouder Berber van Zandbergen bedankt energiecoach Jarno Steringa voor zijn inzet.
Energietour succesvol afgesloten in Gytsjerk Algemeen 1 uur geleden
Wethouder Berber van Zandbergen geeft het startschot voor het programma Doortrappen Feiliger Fytse.
Doortrappenseizoen feestelijk van start gegaan in Oentsjerk Algemeen 2 uur geleden
Kom op zaterdag 30 maart naar het tennispark De Folgeren in Drachten
Open Tennis- en Padeldag bij DLTC Drachten Algemeen 3 uur geleden
Presentatie Dokkum Magazine
Nieuwe initiatieven komen samen tijdens oploop Promotie Dokkum Algemeen 3 uur geleden
WOL - Natuurlijke Vezels
Ga paasmaandag op wollige kraamvisite Algemeen 4 uur geleden
Ik wol in bosk op 'e jierdei!
Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: 'Ik wol in bosk op 'e jierdei' Algemeen 4 uur geleden
© Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
foto dd 24-03-2024

Nes

GGZ AFUK
Theaterkerk

Presentatie magazine Taal yn ‘e soarch
Eerste Rede foar de geast én presentatie magazine over taal in de zorg Brok: 'Taal is de kaai ta goeie soarch' Algemeen 6 uur geleden
Steeds meer mensen positief over openbaar vervoer in Friesland
Reizigers positief over bus- en treinvervoer in Fryslân Algemeen 6 uur geleden
Op vrijdag 5 april treed Omniband op in Rottevalle
Omniband met 'Hé, gezellig' Algemeen 8 uur geleden
Tijdens het 100-jarig jubileum van CMV Concordia trad onder andere Thirza op
100-jarig jubileum van brassband Concordia uit Wânswert Algemeen 8 uur geleden
Geslaagd 1e Kollum Open Padel weekendtoernooi
Geslaagd 1e Kollum Open Padel weekendtoernooi Algemeen 9 uur geleden
De start van de campagne
Campagne Doortrappen feestelijk van start Algemeen gisteren