Toanielteksten ynstjoere foar Fedde & Martha Bergsma Priis
AlgemeenDit jier sil foar de achtste kear de iennichste toanielskriuwpriis fan Fryslân útrikt wurde. Kandidaten kinne oant en mei woansdei 1 septimber 2021 harren toanielteksten ynstjoere.
Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst. Oan de priis is in bedrach ferbûn fan € 1000,-. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2017 en 2021.
Sjuery beoardielt
Oft in stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch in sjuery beoardield wurde. Dy bestiet dit jier út: Bouke Oldenhof (winner fan de priis yn 2017), Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema, .
Kandidaten kinne harren stikken digitaal stjoere nei Keunstwurk fia theater@keunstwurk.nl (oant en mei woansdei 1 septimber 2021).
Ari van Tienhoven
Dizze literêre priis is yn 1992 ynsteld troch de yn 2014 ferstoarne Ari van Tienhoven. Dy hat yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt west by de famylje Bergsma yn Jellum. Fedde en Martha Bergsma wienen altyd warber mei toaniel en stienen mei oan de widze fan toanielploech Tryater. Lês yn it ‘yn memoariam’ oer Ari van Tienhoven, publisearry yn De Moanne: Yn memoriam Ari van Tienhoven - de Moanne .
Novimber 2021
De priisútrikking sil plakfine yn novimber 2021. Dat barde de lêste kear op 2 novimber 2017. Winner wie doe Bouke Oldenhof foar it stik ‘Feteranen’. It is mei súkses spile troch Freark Smink en Joop Wittermans, ûnder rezjy fan Jos Thie, yn opdracht dan Pier21.