De winnende, hast hielendal swart-wite foto yn it nijste nûmer fan it blêd De Nije.
De winnende, hast hielendal swart-wite foto yn it nijste nûmer fan it blêd De Nije. Foto: Anyta Veenema-Talsma

Dûbeltsjok blêd ‘De Nije’ yn teken fan ‘bisten’

Algemeen

It folslein Frysktalige blêd ‘De Nije’ is krekt wer ferskynd (jiergong 3, nûmer 2). It tema fan dit nûmer is ‘bisten.’ Der stiet in fraachpetear - yn it Frysk - yn mei minister Carola Schouten fan LNV (Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit). Ek is der in fraachpetear mei Menno Brouwer út Burgum, it iennichste Fryske steatelid fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân.

Fierder binne der petearen mei Johan de Jong (80 jier, krekt stoppe by Omrop Fryslân-radio) oer goudûlen en de direkteur fan AquaZoo. Boppedat binne de moaiste foto’s fan de fotowedstriid - ek oer bisten - yn dit nûmer opmnommen. De earste priis is foar Anyta Veenema-Talsma út Holwert , mei in (hast hielendal) swart-wite foto fan nijsgjirrige kij.

Oare opfallende ferhalen: Hinke van der Werf út Dearsum oer har dielname oan de ‘Mongol Derby’ - mei hynders troch Mongoalië drave. Joute de Graaf oer stripferhalen oer Ollie B. Bommel, fan Marten Toonder. Ald-Hallumer Ymkje Stienstra, ferbûn oan it UMCG-sikehûs yn Grins, fertelt oer har striid tsjin ynfeksjesyktes.

In pagina oer de restauraasje fan de grêfstien fan Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), ûnder oare redakteur fan de Bergumer Courant. En in petear mei Riekje Grijpstra-Kingma, oer de feemerk fan Ljouwert, dêr’t sy jierrenlang wurke, nei oanlieding fan de ferhuzing nei bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert. Neffens har miene feekeaplju dat se altyd gelyk hawwe!

Dit dûbeltsjokke nûmer hat 76 siden. ‘De Nije’ ferskynt alle fearnsjierren yn in oplaach fan 1500 eksimplaren. Utjouwer is de Ried fan de Fryske Beweging. De einredaksje wurdt foarme troch Pier Bergsma út Hurdegaryp en Aant Mulder út Balk. Losse nûmers (€ 4,95) binne te keap yn kiosk, boekhannel, tydskriftewinkel en (Poiesz-)supermerken yn Fryslân. De papieren ‘De Nije’ en it digitale It Nijs (www.itnijs.frl) folje inoar oan.

Actueel

Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen 3 uur geleden
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 4 uur geleden
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 6 uur geleden
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 6 uur geleden
De heer De Jong bezoekt basisschool kbs de Reinbôge in Burgum.
Legeramfibie op het plein van kbs De Reinbôge in Burgum Algemeen 7 uur geleden
Schilderij van Tjikke Idema-Visser
Kunst in de Kerk Trynwâlden Algemeen 8 uur geleden
Marco Meijer uit Rottevalle stapt van AB Vakwerk over naar Firda voor volwassenen.
Marco Meijer uit Rottevalle nieuwe directeur Firda voor volwassenen Algemeen 8 uur geleden
Yvonne en Dicky van Petit Paris in Burgum.
Petit Paris Vintage, een vleugje Parijse charme in Fryslân Algemeen 9 uur geleden
Meivakantie met kinderactiviteiten bij De Sûkerei.
Meivakantie met kinderactiviteiten bij De Sûkerei Algemeen 11 uur geleden
Op zondagmiddag 5 mei geeft de Drachtster musicus Rein Albert Ferwerda ter gelegenheid van Bevrijdingsdag een bijzonder concert in de Doopsgezinde Kerk in Drachten. Dit seizoen zijn de Doopsgezinde Kerk Drachten en Schouwburg De Lawei een samenwerking aangegaan en vinden er drie kamermuziekconcerten plaats in de kerk. Dit is alweer het tweede concert in de reeks.
Rein Albert Ferwerda op piano en orgel in de Doopsgezinde Kerk in Drachten Algemeen 11 uur geleden
Haal je zolder leeg en kom naar de vrijmarkt.
Sta jij op Koningsdag ook op de vrijmarkt? Algemeen 12 uur geleden
lezing over eerste emigranten uit Driezum en Wâlterswâld naar Amerika!
Lezing over eerste emigranten uit Driezum en Wâlterswâld naar Amerika! Algemeen 24 apr, 17:23
Van de drie geschikte locaties voor een kleinschalig azc in Dokkum is locatie A het meest geschikt, vindt het college van b. en w.
College: "Watertorenbuurt in Dokkum voorkeurslocatie AZC" Algemeen 24 apr, 16:34
Vrijmarkt in Dokkum in 2023.
Koningsdag in Friesland: een kleurrijk feest van tradities en vermaak! Algemeen 24 apr, 16:03
De locatie op de Hogedijken met de grootste fan en tevens gast zanger Evert Vries in het midden
Een feestelijke dag voor het jubilerend koor Rûm Sop Algemeen 24 apr, 15:00
Waterpolodames Wetterwille Burgum kampioen
Burgumer waterpolodames naar de eerste klasse Algemeen 24 apr, 14:00