In sêne út 'Nacht', in Tryaterfoarstelling yn it Nederlânsk of it Frysk.
In sêne út 'Nacht', in Tryaterfoarstelling yn it Nederlânsk of it Frysk. Foto: Ynstjoerd.

‘Nacht’ fan Tryater aanst as ‘livestream’ te sjen

Algemeen

Op sneon 8 en snein 9 maaie, om 20:00 en 21:30 oere, is de folslein ‘online’ ferzje fan ‘Nacht’ te besjen as livestream! Dus ék asto bûten Fryslân wennest of leaver gjin akteur oan ‘e doar ha wolst, kinsto genietsje fan dizze goed ûntfongen foarstelling.

De livestream duorret sa’n 40 minuten wêryn’sto de film ‘Nacht’ en de (filme) monolooch te sjen krigest. Yn it foar kinst kieze tusken aktrise Joke Tjalsma (Frysktalich) en akteur Karel Hermans (Nederlânsktalich). Do kinst fansels ek beide ferzjes bestelle, op oanslutende tiden of dagen!

De foarstelling giet oer immen dy’t net yn sliep komme kin en dan de doar mar út giet, ‘de dyk op’. Dêr binne mear minsken: wat dogge dy sa let noch bûtendoar? Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Tryater: Tryater • Nacht 

Téater by de foardoar

\De foarstelling is oant no ta foaral hiel posityf ûntfongen, yn in tiid dat men leaver ‘negatyf’ testen wurdt, as it giet om de bekinde kwaal fan it ‘ferhipte firus’..... It is datselde firus dat soarge hat foar dizze nije foarm fan téater, rekken hâldend mei oardel meter ôfstân! Oant no ta hawwe al mear as tûzen minsken de foarstelling thús oan de doar hân.

Minsken koene sels Tryater freegje om meidwaan te kinnen. As it paste - wat tiid en lokaasje oanbelanget - dan kaam Tryàter del mei de oanbelangjende akteur of aktrise en waard it ferhaal by de foardoar spile. Dizze rige foarstellingen rint noch oant 9 maaie en wurdt dus (foarearst) ôfsletten mei de ‘livestream’-útstjoeringen op ynternet.

Afbeelding
Het belang van een stevig gefundeerde tuin Zaken 18 uur geleden
Inspectie van Onderwijs geeft dr. Theun de Vriesskoalle 'opstekker'
Inspectie van Onderwijs geeft dr. Theun de Vriesskoalle 'opstekker' Algemeen 20 uur geleden
De prejunioren
Ritmische groepen OBQ-DFS naar NK AHOY Algemeen 20 uur geleden
Concert zanger-pianist Roon Staal te Augustinusga in de Augustinitsjerke
Roon Staal doet Augustina aan tijdens lente tour Algemeen 22 uur geleden
Waar het hart vol van is…
Matthé Vos en André van der Meer in ontmoetingsdienst Algemeen 23 uur geleden
De Tarissing uit Rinsumageast door naar de finale van het NK schooldammen.
De Tarissing uit Rinsumageast door naar de finale van het NK schooldammen Algemeen 23 uur geleden
Succesvolle voorstellingen van Kain in Ferwert.
Succesvolle voorstellingen van Kaïn in Ferwert Algemeen gisteren
De kampioensploeg van Warga.
Warga kampioen na 0-3 winst op Nieuw Roden Algemeen 21 apr, 22:06
Een moment uit de wedstrijd van Libertas tegen FC Marlène.
Libertas kan het niet bolwerken tegen koploper FC Marlène Algemeen 21 apr, 21:28
Ropta Boys en Viod strijdbaar maar scoren niet.
Ropta Boys en Viod strijdbaar maar scoren niet Algemeen 21 apr, 21:17
Be Quick Dokkum vergeet te winnen van Wykels Hallum.
Be Quick Dokkum vergeet te winnen van Wykels Hallum Algemeen 21 apr, 19:59
Anjum doet goede zaken na winst op Harkema Opeinde. Foto ter illustratie.
Anjum doet goede zaken na winst op Harkema Opeinde Algemeen 21 apr, 19:55
Een moment uit de wedstrijd van Kollum tegen LTC
Kollum blijft steken op gelijkspel tegen 9 man van LTC Algemeen 21 apr, 19:43