De tekening op it omslach fan 'Tin iis' is yn de oarloch makke troch in ûnbekinde.
De tekening op it omslach fan 'Tin iis' is yn de oarloch makke troch in ûnbekinde. Foto: Actief Media

Skriuwster Tiny Mulder 100 jier lyn berne

Algemeen

Op 2 april 2021 is it 100 jier lyn dat skriuwster, dichter en sjoernalist Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Literêr en histoarysk sintrum Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy.

Tiny Mulder waard berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân, mar it langst yn Assen. Doe’t se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Se learde doe Frysk praten, foar lêzen en skriuwen folge se in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.

Twadde Wrâldoarloch

Doe’t Tiny Mulder njoggentjin jier wie, besettein de Dútsers Nederlân. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de oarloch slagge dat doe net. Sy kaam oan it wurk by de gemeente yn Drachten en die koerierswurk foar de fersetsgroep fan Pieter Wijbenga. Dizze tiid hat sy letter ferwurde yn har bekendste roman: ‘Tin iis’, dy’t yn meardere talen oersetten is.

Krekt nei de oarloch kaam se dochs as sjoernaliste yn tsjinst by it Friesch Dagblad (FD) en tagelyk hat se doe in skoftlang wurke as tolk foar it militêr gesach. Se hat fjirtich jier, yn dieltiid, by it FD wurke, ûnder oare mei in eigen bernerubryk, mei boekbesprekkings en ferskate oare wurksumheden.

Breed front

Op it literêre mêd hat Tiny Mulder op in breed front warber west. Se dichte (sar gedichten binne bondele), se skreau ferhalen en twa romans, berneboeken, harkspullen en in bondel mei fraachpetearen Hwer hast it wei? (1971). Fierders hat se oersettings makke fan toanielstikken en fan berneboeken. Se die radiowurk, foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) makke se boekbesprekken en se resinsearre hiel wat jierren boeken foar it Friesch Dagblad.

Sirkwy digitaal

Op 2 april begjint it dossier oer Tiny Mulder op Sirkwy mei in stik fan Abe de Vries oer de reizen dy’t Mulder as sjoernalist nei de oarloch makke yn Kanada. Op 27 maart stie der yn it Friesch Dagblad in artikel oer de reizen dy’t se ek yn Amearika makke, dus beide stikken foarmje in twalûk. Sa skriuwt De Vries yn syn artikel dat 2 april ferskynt: “Mulders transatlantische reis in 1947 had een tweeledig doel: om het vreemde, moderne, commerciële, massale Amerika te laten zien, en om Canada te belichten als een aantrekkelijk land om naartoe te emigreren.” 

Audio-argyf

Nei 2 april wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.

Uitnodiging Paardenweegdag 20 april bij A7 Noord dierenartsen in Drachten
Heeft uw paard een gezond gewicht? Algemeen 1 uur geleden
De Kunst van het Evenwicht
NVA-Autismeweek met thema 'De Kunst van het Evenwicht Algemeen 2 uur geleden
Terwijl bestuurslid Oege Hiddema het pasverworven brij-buske omhoog houdt, overhandigt museumvoorzitter
Sybren van Tuinen bloemen aan de schenkers, Elly en Jitse van der Bij uit Damwâld.
Drie particuliere schenkingen voor het Ruurd Wiersma Museum Algemeen 3 uur geleden
Dirigent Akke Bosma
Uniek 3-koren lenteconcert Algemeen 5 uur geleden
Opening expositie stories of Morpheus in terpkerkje Raard
Opening expositie stories of Morpheus in terpkerkje Raard Algemeen 7 uur geleden
Theatervereniging in Oudega speelt
Theatervereniging "op e nij Bigoun" uit Oudega speelt de komedie met de titel "Ut" van Nick Hall Algemeen 22 uur geleden
De inzittenden konden in de voorbijvarende boot klimmen
Bestelbus belandt in Stroobossertrekvaart Algemeen 22 uur geleden
Fietser gewond na botsing met voetganger
Fietser gewond na botsing met voetganger Algemeen 23 uur geleden
Kom met z'n allen paaseieren zoeken bij Glinstra State.
Paaseieren zoeken bij Glinstra State Algemeen 23 uur geleden
Wethouder Berber van Zandbergen bedankt energiecoach Jarno Steringa voor zijn inzet.
Energietour succesvol afgesloten in Gytsjerk Algemeen 23 uur geleden
Wethouder Berber van Zandbergen geeft het startschot voor het programma Doortrappen Feiliger Fytse.
Doortrappenseizoen feestelijk van start gegaan in Oentsjerk Algemeen gisteren
Kom op zaterdag 30 maart naar het tennispark De Folgeren in Drachten
Open Tennis- en Padeldag bij DLTC Drachten Algemeen gisteren
Presentatie Dokkum Magazine
Nieuwe initiatieven komen samen tijdens oploop Promotie Dokkum Algemeen 28 mrt, 14:32