Toanielferiening Violeria spilet Grappich Wikseljild
AlgemeenOPEINDE - Toanielferiening Violeria fan De Pein spilet dit jier de klucht 'Grappich Wikseljild' fan Ray Cooney, yn it frysk oerset troch Appie Nutterts.
It is de jierdei fan Harry Bron. Syn frou Wytske sit op him te wachtsjen omdat Harry noch fan syn wurk komme moat. Mar Harry is let, hy is slim let. As de gasten foar it jierdeifeest hast komme kinne, komt Harry binnenstoarmjen. Hy wol daliks op fakânsje, niks gjin jierdeidrokte. Want Harry blykt samar in slompe jild te hawwen. Hoe komt Harry oan dit jild en war bart der mei al dat jild?
Nijsgjirrich wurden? Jo kinne it allegearre meimeitsje yn doarpshûs De Wringe yn De Pein. De útfierings binne op freed 25 en sneon 26 jannewaris en freed 1 en sneon 2 febrewaris 2019. "Wy begjinne alle jûnen om 20.00 oere." Kaarten foar jannewaris kinne jo bestelle by Fokje Blauw, til. 372427 en foar febrewaris by Lutine Vriezema, til. 372245.