De Snieskeppers spylje 'Wa fan de twa'
AlgemeenJISTRUM - De Snieskeppers binne al wer drok dwaande mei de tariedings foar de komeedzje 'Wa fan de twa'. Betinker en skriuwster fan dit stik is Anneke Hogeveen ùt Gytsjerk.
Yn it stik wurdt net allinnich spile, mar ek song op bewurkingen fan lietjes fan ûnder oare Doe maar, Stef Bos, ABBA en Claudia de Breij.
It stik giet oer Marije, de dochter fan Jenny. Marije wurdt hast 21 en giet op ûndersyk út nei it ferline fan har mem. Marije komt der efter dat har mem yn de jierren 70 genoaten hat fan it frije libben, wêryn alles koe en tastien wie. Foar it feest dat har mem foar har organisearret, hat Marije stiekem twa mannen ùtnoege, te witten har twa heiten! Dat wol sizze, ien fan de twa moat dit wêze. Hoe sil it weromsjen mei Jenny falle? En wa fan de twa is har heit?
Nijsgjirrich wurden welke kant dit ùtgiet? Kom dan nei yn fan de foarstellings op freed 16 maart, saterdei 17 maart, freed 23 maart of saterdei 24 maart.
De foarstellings fine plak yn De Phoenix oan de Joast Wiersmawei yn Jistrum. Oanfang 20.00 oere.
'Wa fan 'e Twa?' duorret omtrint oardel oere, ûnderbrutsen troch in skoft. De tagongspriis foar folwoeksenen is € 5,-. Sponsors en donateurs dy't € 10,- of mear donearje en bern ûnder de tolve jier hoege gjin yntree te beteljen.