Burdaarder toanielselskip presintearret 'Flean op!'
Algemeen
BURDAARD - It Burdaarder toanielselskip 'Op, mar net út 'e hichte' bringt de komeedzje 'Flean op!'
In húshâlding fan Jan Steen. Tineke, styfmem fan trije bern, is troud mei Hans. Har mem wennet by de hýshâlding yn. Dat is net alles, want de broer fan Tineke en de suster fan Hans komme ek geregeld del. Dan binne der ek noch buorfroulju en oare oanrinners.
Tineke is de persoan dy't alles foar elkenien docht yn de húshâlding. Se draait op foar allerhande ferfelende putsjes. Bliuwt dat sa of...? De titel wiist in oare kant út.
'Flean op!' is in fleurige komeedzje ûnder rezjy fan Hendrik van der Heide en is te sjen op freed 2 febrewaris (20 oere), snein 4 febrewaris (14.30 oere), sneon 10 febrewaris (20 oere) yn MFC Het Spectrum yn Burdaard. Foar € 10,00 (freed en sneon), € 7,50 (sneintemiddei). Sneontejûn is der muzyk nei.
Poadium foar de taal
It Burdaarder toanielselskip fynt it tige wichtig dat de foarstellingen yn it Frysk úttfierd wurde. Sa kriget de Fryske taal in poadium.