Houkje Rijpstra: "Dit wurk paste as in âld jas"

Politiek

BURGUM – Wethâlder Houkje Rijpstra (PvdA) fan Tytsjerksteradiel fynt nei 11,5 jier dat it tiid wurdt foar wat nijs. Mei yngong fan 1 septimber wurdt sy direkteur fan de Vereniging Circulair Friesland. Oanlieding foar in weromblik en om foarút te sjen.

Troch Gerrit van der Meer


- Hoe sjogge jo op dy 11,5 jier werom?
"It wie in grutte oerstap, fan de sjoernalistyk (Omrop Fryslân) nei it wethâlderskip. Al hie ik it bestjoerlike wurk wol yn 'e achterholle. Ik hie tolve jier fraksjemeiwurker west fan de PvdA-steatefraksje en fansels as sjoernalist ek gauris te krijen mei riedsleden en wethâlders. Dochs wie it in sprong yn it djippe. Ik wie de earste wethâlder 'fan bûten', dy't gjin ûnderfining hie as riedsid. En it wie hiel oars, folle breder én drokker, as dat ik ferwachte. Ik ha wol in jier nedich hân om my it wurk eigen te meitsjen. Mar úteinlik paste de polityk, it bestjoeren my as in âld jas. En it hie ek foardielen, dat ik der as frisse 'bûtensteander' by kaam. Alles mei elkoar sjoch ik werom op in geweldich moaie tiid!"

- Nei de earste twa perioaden kaam der ek noch in tredde.
"Eins woe ik yn 't foar net langer as twa perioaden, dus acht jier, en dan werom yn de sjoernalistyk. Mar fanwege de grutte feroarings op it sosjaal domein – de trije desintralisaasje-operaasjes fan ryk en provinsje nei de gemeenten – like it ús, myn kollega Doeke Fokkema en my – in moaie útdaging om dat as betûfte wethâlders op te pakken. Dêrom binne wy beide kandidaat-wethâlder bleaun. It wiene drege operaasjes. En it is, 2,5 jier nei ynfiering, noch net folslein op oarder. Alle gemeenten sitte dêr mei oantangele."

"Wethâlder bist 24 oeren deis, sân dagen wyks"

- In wethâlder wurdt gauris oansprutsen, ek op strjitte?
"Wethâlder bist 24 oeren deis, sân dagen wyks. Ek yn dyn frije tiid wurdst troch minsken oansprutsen: yn it swimbad, yn de supermerk. "Komt it no wol goed mei ús swimbad (yn Gytsjerk)", "ik wol graach in beam kappe", "der wurdt yn ús strjitte te hurd riden…" Oan 'e oare kant haw ik ek altyd tige myn bêst dien om sa tagonklik mooglik te wêzen, as minsken it oer 'wethâlder Houkje' hiene fûn ik altyd wol moai."
"Bist boppedat ek in foarbyld. Ik ried – as wethâlder ferkear - net mei de auto 'binnentroch', omdat doarpen in hekel hawwe oan slûpferkear. En ik bleau braaf foar oranje ferkearsljochten stean. Mar it wurk wie net in plicht, ik sjoch der mei in soad plezier op werom. Yn 't earst liet ik it mear op my ôfkomme, ik bin no folle stjoerender. Ik wit no better wat ik wol en wat ik net wol. In wethâlder moat foaral op haadlinen stjoere, mar as't dit wurk hast trije perioaden dien hast, krigest fansels ek mear sicht op details. Mar it advys fan ús tige saakkundige amtners is en bliuwt belangryk."
"De portefeuille 'Ferkear' krige ik der yn 2010 by. De lêste jierren besykje wy de ynwenners sa folle mooglik sels mei oplossings komme te litten, as se in ferkearsprobleem sinjalearje. Mar ik freegje dan ek: 'Soargje foar draachflak'. Dan docht geregeld bliken, hoe dreech oft dat wêze kin. Der binne eins altyd wol minsken dy't beswieren hawwe, om foar harren begryplike redenen. Komt men der net út, dan is de oplossing meastal in kompromis, in ôfswakking fan it earste foarstel, minder yngripend. Elkenien moat dan wetter by de wyn dwaan, mar it is wol it plan fan de minsken sels en dat is it belangrykste."

"Achter de skermen kinst foar minsken it ferskil meitsje"

- Jo hawwe in breed pakket oan 'taken'? (Portefeuille Wurk en Bystân, Kultuer, Behear en ûnderhâld, Iepenbiere romte, Natoer & Miljeu, Riolearing en baggerbelied, Ferkear en ferfier, Duorsumens en millenniumbelied).
"It binne net sasear de grutte projekten, lykas de Sintrale As en Kansen in Kernen, dy't my de measte foldwaning jûn hawwe. Mar krekt de saken dy't him achter de skermen ôfspylje, wêr't je – benammen as wethâlder sosjale saken – echt it ferskil foar minsken meitsje kinne. Op yndivideel nivo haw ik altyd tsjin ús meiwurkers sein: sykje de grinzen op, yn it belang fan minsken. En ik stean dêrby altyd achter jim. Mar ek in organisaasje as Leergeld, dy't sok geweldich wurk docht om bern yn ús gemeente meidwaan te litten oan sport en skoalreiskes, dêr kin ik hielendal bliid fan wurde."
"Yn 2014, doe't de nije perioade yngie, hawwe wy as kolleezjeleden niks mear feroare oan de taakferdieling. Fanwege de desintralisaasje-operaasje ferwachten wy al in soad ekstra wurk. Dat is ek útkommen. Ek de gearwurking mei Achtkarspelen makke it drokker."

- De desintralisaasjes binne noch altyd net útiten. Alle gemeenten tangelje bygelyks mei de finansjele kant.
"De feroarings yn it 'sosjaal domein' wiene ek fuortdaliks besunigingen. Net alles koe mear as yn 't ferline. Dat is soms lestich oan minsken út te lizzen. Minsken wolle dingen graach sa hâlde sa't se wend binne. Mar as wy net besunige hiene op it sosjaal domein, dan hiene wy earne oars – bibleteek, swimbad, ûnderhâld wegen bygelyks - op besunigje moatten, want wy krigen minder jild as dat it Ryk foar it sosjaal domein beskikber hie."

- En hoe komt it skielk?
"It soe wêze kinne dat der aanst allegear nije wethâlders komme. Nei myn miening binne trije wethâlders foar in gemeente as Tytsjerksteradiel én mei alle nije taken by de gemeente echt wol it minimum! Mar dat is oan de nije ried, dêr gean ik net oer. En ik wol myn opfolger(s) net foar de fuotten rinne. As se fragen hawwe, dan witte sy my wol te finen."

- Dus dan wurdt it sykje om wat nijs?
"Yn myn omjouwing wie wol bekend, dat ik as wethâlder net mear beskikber wie foar in fjirde perioade. Ik hie trije dingen yn 'e holle dêr't ik sa mooglik wat mei woe: it Frysk, wat betsjutte foar de meast kwetsbere minsken, of duorsumens. It binne de trije saken dêr't myn hert it meast leit. Alle trije binne as fernijde beliedsfjilden fan 't maaitiid troch de ried fêststeld. Dêr haw ik in goed gefoel oer, ik bin der wiis mei dat ik dat goed ôfmeitsje koe."

"Genôch tiid om it wurk oer te dragen"

"De funksje fan direkteur fan 'Circulair Friesland' waard ynsteld, om't it SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland, fan de trije noardlike provinsjes) ynvestearje wol yn it fierder op gong krijen fan de beweging nei in sirkulêre ekonomy."
"De begjindatum wie noch wol in puntsje. Ik bin frege om sa gau mooglik te begjinnen. Mar ik woe myn wurk as wethâlder net staf-en-af ôfbrekke, om it goed ôf te meitsjen, sykte binnen ús kolleezje en de fakânsjeperioade. Fandêr de datum 1 septimber. No is der ek noch wat tiid om myn wurk oer te dragen oan myn opfolger, Ellen Bruins-Slot. By har is de portefeuille yn tige goede hannen, dêr haw ik alle betrouwen yn."

- Wat wiene de reaksjes?
"In soad positive reaksjes en lokwinsken. Moai dat hast elkenien seit: wat past dizze stap goed by dy. Mar yn dit wurk krigest ek negative reaksjes, meast fia 'sosjale media' en meastal anomym."

"Negative reaksjes fia sosjale media meastal anonym"

"Doe't bekend waard dat ik in nije baan krige, seach ik de earste trije réaksjes op ynternet: "Deze man heeft het begrepen", "Blij dat ze oprot", en "Het grote geld lonkt". Minsken sjogge in wethâlder somtiden blykber net as in minske, mar as in ynstitút. Ek op it mêd fan ferkear gie it somtiden fan: "As hjir aanst in deaden falt, binne jo ferantwurdlik", of: "It kin jo seker neat skele, as hjir in bern deariden wurdt?" Ik ha sels ek bern. Wat miene se wol? Ditsoarte krityk is slimmer wurden as gefolch fan de 'sosjale media'. Minsken tinke faak net nei by wat se skriuwe, wat se der in oar mei oandogge. En meastal skriuwe se anonym."
"Mar dit moat foaral net in negatyf ferhaal wurde. Ik ha it wurk mei in soad nocht dien en hie it net graach misse wollen. Mar de beakens wurde fersetten: der moat op 'e tiid fernijïng wêze. Ik fielde my tige op myn plak yn dit wurk. It fielt ek goed om my aanst dwaande te hâlden mei in tige wichtich tema de kommende tiid, de oergong nei in ekonomy wêryn't gjin grûnstoffen mear fergriemd wurde, mar hieltyd op 'e nij brûkt. It is no tiid foar wat nijs, foar my, mar ek foar de gemeente."

Ofskie op 4 septimber
Moandei 4 septimber is de ôfskiedsresepsje fan wethâlder Houkje Rijpstra, middeis fan 16.00 oant 18.30 oere yn Stania State yn Oentsjerk.
De gemeente Tytsjerksteradiel wol graach witte op hoefolle minsken der rekkene wurde moat, dêrom wurdt men frege dit yn 't foar troch te jaan fia e-post: bestuurssecreteriaat@t-diel.nl.
Wethâlder Rijpstra hoecht gjin ôfskiedspresintsjes, mar jeften binne wol wolkom foar de Stichting Leergeld Tytsjerksteradiel. Dat kin yn de foarm fan in slûfke mei ynhâld, of troch in bedrach oer te meitsjen op it rekkennûmer fan dizze stifting: NL49RABO0132327058, t.a.f. Stichting Leergeld Tytserksteradiel, mei fermelding 'Gift Houkje Rijpstra'.

Wat is 'Circulair Friesland'?
De Vereniging Circulair Friesland (VCF), waarvan Houkje Rijpstra vanaf 1 september directeur wordt, is "een samenwerkingsverband tussen bedrijven, gemeenten, de provincie Fryslân, kennisinstellingen, maatschappelijke en andere organisaties die zich actief willen inzetten om een circulaire economie te realiseren", meldt de website van VCF.
"Een circulaire economie houdt de grondstoffen zoveel mogelijk in de kringloop en zet ze zodanig in dat er een zo groot mogelijke toegevoegde waarde wordt gerealiseerd, zonder schade aan te richten aan ecosystemen of aan mens of dier.
Een circulaire economie draait op duurzame energie en heeft ook oog voor het behoud van biodiversiteit en het welzijn van alle levende wezens.
De leden van de Vereniging hebben alle één stem. De Vereniging breidt zich snel uit en werkt parallel aan verschillende projecten en trajecten om kringlopen te sluiten en sectoren anders te laten samenwerken."

Actueel

Kiwi intake
Zeehondencentrum Pieterburen vangt eerste pup van de zomer op en het is de vroegste ooit. Algemeen 11 minuten geleden
De drie winnaars. In de midden winnares Noorde Schuurman, links van haar Indy Lynn Franken en rechts van haar Roos Gerdingh.
Noore Schuurman is de beste (brugklas)voorlezer van Fryslân! Algemeen 1 uur geleden
Ook de tuin van buitenplaats Oranjestein in Oranjewoud is een ontwerp van Pieter Lucas Roodbaard
Lezing 'Lucas Pieter Roodbaard' door Rita Radetzky: een veelgevraagd tuinarchitect in Noord-Nederland Algemeen 2 uur geleden
Alle winnaars van Kunstbende
Winnaars voorronde Kunstbende Friesland bekend Algemeen 17 uur geleden
Kom in de bieb in Drachten studeren!
Voor eindexamen studeren in de bieb Algemeen 18 uur geleden
Leerlingen Jildou, Marije en Ilse met hun Eervolle Vermelding en juryrapport Jan Penprijs (v.l.n.r.)
Vier leerlingen van Lauwers College Buitenpost behoren met profielwerkstuk tot besten van Nederland Algemeen 19 uur geleden
 Vrijwilliger Sukran tijdens de sport- spel- en bewegingsactiviteiten van TeamUp
TeamUp zoekt dringend vrijwilligers om gevluchte kinderen te ondersteunen in Leeuwarden Algemeen 19 uur geleden
De documentaire Blaasmuziek heeft een award gewonnen.
Omrop Fryslân en BBC grote winnaars bij PRIX Circom Algemeen 20 uur geleden
‘De kracht van Muziek’
Stemmenorkest in de Alexanderkerk in Rinsumageast Algemeen 21 uur geleden
Pesten is een onzichtbare pijn die overal kan toeslaan.
Samen streven naar een pestvrije samenleving Algemeen 23 uur geleden
'Nifelje mar ta!' gaat door!
'Nifelje mar ta!' yn Dokkum gaat door! Algemeen gisteren
Willem Helfrich neemt u mee op een reis door de geschiedenis van het gevangeniswezen in Friesland.
Lezing: Gevangen in Friesland Algemeen gisteren
Winnaars voorronde Friesland bekend
Winnaars voorronde kunstbende Friesland bekend Algemeen gisteren
De tweedehands boekenverkoop in de Doopsgezinde Kerk te Drachten gaat binnenkort weer los. Tekening ter illustratie.
Verkoop 2e hands boeken in Drachten Algemeen 17 apr, 17:00
Op dinsdag 30 april bij De Fytsdokter
Tworby testdag bij De Fytsdokter in Kollumersweach Algemeen 17 apr, 15:51
De voorstelling heet dit jaar lytse Pier en de flok fan it Berneiepenloftmuseum. Een stuk gebaseerd op de film Night at the museum
Het berneiepenloftspul geeft een inkijkje in de Friese cultuur Algemeen 17 apr, 15:00