Mei Nije Moed Sumar spilet Op ‘e Hichte
CultuurSUMAR – Mei Nije Moed ut Sumar spilet yn doarpshûs De Kamp yn Sumar 'Op 'e Hichte'. It stik is in blijspul skreaun troch Martine Faber en oersetten yn it Frsyk troch Betty Schilstra.
In fakânsje bringt de ferskillende karakters by mekoar. Tafal of dochs net? De rêchsekken fan elts binne aardich folt, letterlik en figuerlik. De gids probearret de fakânsjefierders op it goede paad te hâlden, mar al dy ferliedings…
Sneon 22 april is folslein útferkocht. Foar sneintemiddei 23 april 15.00 oere binne noch kaarten te keap. Kaarten à €7,50 reserveare fia toanielsumar@kpnmail.nl of sms/app 06-20946732.