Ynstjoerd:
“Der binne bettere nammen foar ‘Noardeast-Fryslân’

Politiek

Tongersdei 30 maart 2017: in tryste dei foar in protte ynwenners fan de trije gemeenten Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. In skoftke lyn waard der in kommisje ynsteld (trije boargemasters en noch wat oare hotemetoten). Neffens de ferhalen in 'swiere' kommisje. Yn oerlis mei de gemeenterieden fan de trije gemeenten binne der regels/prosedueres opsteld foar it fêststellen fan de nije namme fan de nije gemeente.

Prosedueres giene boppe moaie namme

'Carte blanche'
De gemeenterieden fertrouden de Kommisje dizze opdracht ta. Wat is der mis gien? Dat de gemeenterieden fan doe ôf gjin kontrôle mear hiene. Eins komt it der op del dat de Kommisje nei dizze ôfspraken ‘carte blanche’ krigen hat. De Kommisje koe sels bepale hokker nammen se foarlizze woe oan de ynwenners. It opstjoeren fan yn totaal hast 900 nammen wie allinnich mar om de ynwenners it gefoel te jaan dat se ynspraak krigen.

Trije fan de 900 nammen
De Kommisje makke, nei djip beried (?), dizze trije nammen iepenbier: Noardeast-Fryslân, Dokkumerlân en Ie- en Lauwerslân. De riedsleden wisten dizze nammen ek net earder. De trije nammen waarden hjirnei foarlein oan de ynwenners en der koe stimd wurde op 15 maart. Hoewol’t it 'gemor en geklaag' fan de ynwenners wol bij de Kommisje bekend is, sette dizze Kommisje gewoan troch, mei de al bekende útslach.

Under de pet hâlden
Nettsjinsteande myn besykjen (út namme fan in hiel soad minsken) it tij te kearen (stikken skreau yn ferskillende kranten) behelje ik net it winske resultaat. Ek de list mei de 293 goedkarde nammen, wurdt skrutel 'ûnder de pet' hâlden.
Dêrnei moast de rieden noch in definityf beslút nimme, dat der wie noch hope. Ik skreau alle riedsleden fan de trije gemeenten persoanlik oan. Ik stelde krityske fragen, meakke oer in tal saken opmerkings en ha besocht de riedsleden oan te sprekken op harren gefoel en op dat fan folksfertsjintwurdiger.

In histoaryske, kapitale flater
Der waarden op 30 maart wol fragen steld troch ferskillende persoanen, mar dochs giene de trije gemeenterieden akkoart mei namme Noardeast-Fryslân. Wêrom? Simpel, omdat de riedsleden en de Kommisje ôfspraken makke hiene oer regels/prosedueres. Dat is polityk: ek al binne jo it net iens mei de namme (of oare saken), as alles neffens de regels gien is, dan moatte jo foar stimme. En de miening en reaksje fanút de befolking dan? Ach, dat liket net sa wichtich. Ik ha sa'n idee dat it ús gemeenteriedsleden (inkelden útsûndere) gjin bal skele kin, hokker namme ús nije gemeente kriget, wylst dit in histoarysk beslút is. In histoaryske, kapitale flater!!

Wat hie de gemeenteried, yn myn eagen, dwaan moatten? Doe't de Kommisje de trije nammen iepenbier makke, hie de Kommisje hjir fuortdaliks troch de rieden op oansprutsen wurde moatten.

Rieden binne baas
De fraach hie steld wurde moatten: ‘Binne dit no de trije bêste nammen? Wat is hjir moai en 'wervjend' oan? Wêr wiene de riedsleden? En, in twadde kâns op 30 maart: útstel freegje en easkje om de list mei 293 goedkarde nammen iepenbier te meitsjen. Om sa de ynwenners in nije en earlike kâns te jaan. Want de gemeenteried sit der (foar en troch ús) om te kontrolearjen. Uteinlik is de gemeenteried de baas.
Mar dizze 'swiere' Kommisje hat trije gemeenterieden de baas west. Om sa'n minne namme te betinken wie hielendal gjin kommisje nedich west. En ek gjin stimming. En ek gjin fêststelling troch de rieden. It komt der op del dat de Kommisje (de boargemasters) it sels kinne, wolle en dien hawwe. Der binne bettere nammen ynstjoerd; dêr bin ik wis fan.

Aukje Stelpstra.

Vrijmarkt in Dokkum in 2023.
Koningsdag in Friesland: een kleurrijk feest van tradities en vermaak! Algemeen 16 uur geleden
De locatie op de Hogedijken met de grootste fan en tevens gast zanger Evert Vries in het midden
Een feestelijke dag voor het jubilerend koor Rûm Sop Algemeen 17 uur geleden
Waterpolodames Wetterwille Burgum kampioen
Burgumer waterpolodames naar de eerste klasse Algemeen 18 uur geleden
Arjen (zoon van Ciska) en Maaike (dochter van Gretha). Zij hebben samen de opening gedaan in 2004 en zijn beide nu werkzaam binnen het bedrijf. Arjen als verkoper tuinmachines en gereedschappen en Maaike in de weekenden in het Ruiterhuis.
Bosgra Hurdegaryp 20 jaar in nieuwe pand! Algemeen 19 uur geleden
Koningsdag Drachten 2023
Koningsdag in Friesland: een kleurrijk feest van tradities en vermaak! Algemeen 20 uur geleden
Afbeelding
Het organiseren van een geslaagde poolparty Zaken 21 uur geleden
De Grote Kerk
Orgelconcert Eeuwe Zijlstra in Grote Kerk Drachten Algemeen 22 uur geleden
Rin mei, mei de njoggende Tykster Kuier.
Rin mei, mei de njoggende Tykster Kuier Algemeen gisteren
Het Oranje Comité Kollum
It giet oan op Keningsdei yn Kollum Algemeen 23 apr, 19:00
Beginnerscursus NN Running Coach; voor iedereen die met plezier wil hardlopen!
Beginnerscursus NN Running Coach voor iedereen die met plezier wil hardlopen! Algemeen 23 apr, 17:00
Kruiwagenmars in Burgum tijdens de wereld aarde dag
Kruiwagenmars tijdens wereld aarde dag Algemeen 23 apr, 14:30
Kom gezellig langs in Oenkerk tijdens Koningsdag!
Van kleedjesmarkt tot brommertocht; een dag vol tradities en nieuwe avonturen! Algemeen 23 apr, 12:50
Aeres Buitenpost viert 75 jarig bestaan met groots festival en reünie
Aeres Buitenpost viert 75 jarig bestaan met groots festival en reünie Algemeen 23 apr, 11:00