Wêrom kin ik net sizze wat ik fiel’
CultuurMARRUM - Freed 10 maart en sneon 11 maart om 20:00 oere spilet toanielferiening Marrum e.o. it toanielstik: ‘Wêrom kin ik net sizze wat ik fiel’, fan Carl Slotboom.
10 en 11 maart yn MarrumWylst hy achter syn buro sit, wurdt de sakeman Marcel Bûtendyk deasketten. Foar dizze died komme seis minsken yn ‘e beneaming en it is de opjefte fan ynspekteur Gerard Rietveld om achter de wierheid te kommen.
Al yn it begjin fan it ûndersyk wurdt dúdlik dat Marcel Bûtendyk de lêste moannen hieltiid minder by steat wie om syn wurk op ferantwurde wize út te fieren. Hy waard ferjitlik en naam de ferkearde besluten. Troch in besite oan in neurolooch kaam oan it ljocht dat hy de sykte fan Alzheimer ûnder de lea hie.
Dit toanielstik wurdt spile yn it doarpshûs ‘De Nije Tille’, Ringweg 21, Marrum.
Kaarten kostje € 8,00 en foar bern oant 12 jier € 4,00.