Ferhalewedstryd: meidwaan kin noch
CultuurDRACHTEN – Foar 15 maart kinne minsken noch meidwaan oan in ferhalewedstryd fan it Skriuwersboun, opsetten yn gearwurking mei Friesch Dagblad en Cedin. Tema: ‘Gjin Styl?’
It tema is keazen nei oanlieding fan it hûndertjierrich bestean fan ‘De Stijl’. De priisútrikking is 9 maaie yn Museum Dr8888 yn Drachten, dêr’t no in útstalling te sjen is oer ‘De Stijl’.
De sjuery bestiet út de skriuwers Jetske Bilker, Paul van Dijk (berneboeken) en Geart Tigchelaar (Obe Postmapriiswinner).
Fierder wurdt foar de winners in yllustraasje by it ferhaal makke. De keunstners dy't dit dwaan sille binne (foar de kategory jongerein) Gert-Jan Oosting en (foar de kategory folwoeksenen) Nina Peckelsen.
Heechút 775 wurden
Fan de ynstjoerders wurdt ferwachte dat se in ferhaal skriuwe fan maksimaal 775 wurden. De ferhalen moatte oanlevere wurde yn in Word-bestân. De talen dêr’t de bydragen yn skreaun wurde meie, binne de streektalen fan Fryslân, neist Frysk bygelyks it Biltsk, Stellingwerfsk, Skiermuontseagersk of it Snekers – eins alles útsein it Nederlânsk.
It stik, dat begjinne moat mei namme, bertedatum, e-mailadres en telefoannûmer fan de ynstjoerder, kin maild wurde nei: bestjoer@skriuwersboun.nl, û.f.f. Ferhalewedstryd, en wurdt dan anonym trochstjoerd nei de sjuery.