Fryske Krite Bûtenpost spilet klassiker ‘Al myn soannen’
CultuurBUTENPOST - Tsien spilers nimme harren publyk mei nei de ein fan de jierren fjirtich. De wrâld is drok dwaande om wer yn it normale te reitsjen. De oarloch is oer en dien en it minskdom bliuwt mei twa fragen sitten. Wat hat de oarloch ús brocht? En wat hat de oarloch ús ôfpakt?
Stik fan Amerikaan Arthur MillerJoe Keller, in man fan kwizekwânsje, wie tusken ‘40 en ’45 drok yn’e skrep mei kompanjon Deever om it leger fan wapentúch te foarsjen. It leger raasde sa bot om guod, dat der amper tsjin te leverjen wie. It gie dan ek net altiten like goed. Ek hienen de Kellers twa soannen en no noch mar ien. Wat is der allegearre bard yn dy ferskriklike oarloch? En hoe no fierder?
In prachtich, mar foaral oangripend stik fan de Amerikaanske skriuwer Arthur Miller, dy’t ús njonken dizze klassiker ek ‘De dea fan in hannelsreizger’ en ‘Sjoen op in distânsje’ neilitten hat.
Henk Roskammer, Kriteman yn ieren en sinen, docht mei dit stik syn rezjy-eksamen.
Foar it Bûtenposter toaniel makke Dictus Benedictus, ek Kriteman, in nije Fryske oersetting.
Saterdei 4 en 11 maart yn The Point, Bûtenpost, 20.00 oere. Kaartferkeap oan de seal.