Krisistoaniel spilet 'Famylje' fan Maria Goos
CultuurDOKKUM - Nei it súkses fan it stik ‘Praatsjes’ (Neil Simon) yn novimber 2014 (Sy wûnen mei dit stik de toanielkriichpriis fan STAF) is Krisistoaniel werom! Dizze kear gjin klucht, mar in tragikomeedzje. Op 27 jannewaris, 3 en 10 febrewaris spilet Krisistoaniel ûnder rezjy fan Tineke Broers 'Famylje', in ferneamd stik fan Maria Goos yn de oersetting fan Tryntsje van der Zee.
Trije kear op freedtejûn'Famylje' is in tragikomeedzje oer in gesin dat noch ien kear meimekoar op fakânsje giet omdat mem ûngenêslik siik is. Mei de bêste bedoelings begjinne se oan dizze dagen, mar al gau kinne se de skyn net mear ophâlde. De ûnderlizzende frustraasjes fan de ferskillende famyljeleden komme stadichoan nei boppen. Dat resultearret yn messkerpe dialogen en pynlike konfrontaasjes.
Spilers: Wybe Kuipers, Greetje Klaren, André de Zee, Hinke Leistra, Andre Beeksma en Betteke Eerligh.
Yn it skoft en nei ôfrin is der muzyk. Nei ôfrin is der ek romte om nei te praten mei elkoar en mei de spilers. Kaartferkeap fia www.sensedokkum.nl. Tagongspriis: 12,50 euro, oanfang: 20.15 oere, seal iepen om 19.45 oere.
Muzyk nei ôfrin: freed 27 jannewaris: Bauke Beert Keizer; freed 3 febrewaris: dj.;
freed 10 febrewaris: ‘Kroechbaas en freonen’.
Seal: Sense Dokkum, Hogedijken 18-2.