'De Wierheid fan Wylgeragea': it nijste stik fan Tryater
CultuurTryater wie de ôfrûne twa wike yn MFC De Tredder yn Westergeast. Dêr repetearren se en spilen se de try-outs en premjêre fan harren nije foarstelling De wierheid fan Wylgeragea.
It wiffe lykwicht tusken feilichheid en ûnrêstIt stik mei akteurs Joop Wittermans, Lourens van den Akker, Lysbeth Welling, Aly Bruinsma en Eva Meijering giet oer de reaksje fan in groep minsken yn in lytse mienskip, op it momint dat der ynbreuk dien wurdt op harren gefoel fan feilichheid.
It dekôr is fuort ek tribune, it publyk wurdt diel makke
Gjin stuollen yn de seal by dizze foarstelling: Tryater komt nei de teaters en doarpshuzen mei in dekôr dat ek tribune is. Publyk sit foar inoar oer en sjocht yn it midden it ferhaal fan De Wierheid fan Wylgeragea ûntstean.
It stik is gjin 'whodunit'. It lit sjen hoe dreech oft it is om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme.
Mei humor en kompassy wurdt sjen litten hoe ferskillend oft minsken reagearje as se harren bedrige fiele. De ien flechtet, de oar wurdt agressyf, in tredde lûkt him werom en oaren besykje rêstich te bliuwen.
Regisseur Jos van Kan: "De inbraak in dit verhaal is een metafoor voor elke inbreuk op het gevoel van veiligheid. Het gaat erom, hoe we de gemeenschapszin behouden én open staan voor de buitenwereld."
It stik wurdt yn oktober en novimber njoggen kear spile yn dizze regio
De foarstelling is op 14 oktober yn Ryptsjerk, 15 oktober yn Burdaard, 27 oktober yn Hurdegaryp, 2 novimber yn Holwert, 6 novimber yn Beetstersweach, 12 (útferkocht) en 13 novimber yn Drachten, 25 novimber yn Oerterp en 26 novimber yn Dokkum. Kaarten binne te keap op www.tryater.nl.