Afbeelding

“Wêrom net mear twataligens yn tsjerke?”

Cultuur

Jan Popkema yn syn studearkeamer mei it nije boek oer ‘De Skristlik-Fryske Beweging yn de tweintichste ieu”. Fjouwer jier lyn skreau er ek it jubileumboek fan it Kristlik Frysk Selskip. (Foto: Klaas Rozema)

“Wêrom net mear twataligens yn tsjerke?”

Mânsk boek Jan Popkema oer ‘De Kristlik-Fryske Beweging’

BURGUM – De âld-dosint Frysk oan de NHL Jan Popkema út Burgum hat in mânsk boek skreaun fan 448 siden oer de skiednis fan ‘De Kristlik-Fryske Beweging yn de tweintichste ieu’, ek de titel fan it boek. Utjouwerij Bornmeer fan De Gerdyk hat it oandoarst om it út te jaan.

Troch Gerrit van der Meer

It is gjin maklike kost. De auteur is goed thús yn de grifformearde synoades en liket der somtiden fanút te gean dat de lêzer dat ek is. Mar mei in bytsje goede wil en mei niget oan ‘Fryske strideraasje’ komt men in hiel ein. Dan falt op, dat de ‘striders’ elkoar somtiden frijwat dwars sieten. Fan in sterke ienheid wie gjin sprake. “De bestjoeren wurken wol mei elkoar gear”, seit Popkema. Mar, jout er ek ta, “út en troch tocht ik (by it lêzen fan âlde tiidskriften en brieven; red.): ‘Moat dit no sa?!’”

It wiene foaral guon skribenten fan it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945), mei haadredakteur fan it Friesch Dagblad Daniël van der Meulen (pseudonym: Uddo) foarop, dy’t út en troch omraak om har hinne sloegen, foaral yn ferwar tsjin de ‘bruorren’ fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS).
Eeltsje Boates Folkertsma, foaroanman fan dat KFS, hat de takende kwalifikaasjes fan Uddo oer KFS-ers ris op in rychje setten.

Popkema docht dat op ‘e nij: “revolúsjonêren, temûke freonen fan Moskou, âldliberalen, humanisten, ketters, anty-Grifformearden, kristenen sa sa, ryksferbrekkers, fijannen fan Oranje, ferrieders fan it Fryske folk, dwepers, bline sjauvinisten.”
In opmerklik rychje, dat gâns mear seit oer de auteur Uddo as oer de skribenten fan it KFS (yn harren blêd ‘De Stim fen Fryslân’).

‘Ferpyldering’

Popkema ferklearret: “De tiid tusken de beide wrâldoarloggen wie yn Nederlân it hichtepunt fan de ferpyldering (Fryske oersetting fan ‘verzuiling’; red.). Doe sochten alle organisaasjes dy’t harren mei  libbensskôging dwaande hâlden, harren fersterking en emansipaasje earst en foaral yn eigen fermidden. Se setten har fûl ôf tsjin elkoar. Dochs sochten se ek gearwurking, want se woene yn grutte halen itselde: yn dit gefal in bettere posysje foar it Frysk.”

It KFS, oprjochte troch âld-learling fan Abraham Kuyper ds. Sipke Huismans yn 1908, woe foaral mear Frysk yn it  godstsjinstige en yn tsjerke, mei as sintraal idee: ‘Eenheid in verscheidenheid’. Kuyper hie it belang fan dat ferskaat yn kolleezjes ûnderstreke. It opmerklike is dat it GFS, dat wol Frysk woe, mar net yn  tsjerke, him berôp op deselde Abraham Kuyper, mar dan mei de klam op de  ienheid fan de tsjerke (en fan it offisjele taalgebrûk).
“It is no ien kear sa, dat jo mei de Bibel, en ek mei it tige wiidweidige wurk fan Kuyper, mear as ien kant út kinne”, stelt Popkema fêst.

Fryske Bibel-oersetting

Der waard nei de oprjochting fan it KFS al rillegau besocht om in Fyske oersetting fan de Bibel te skriuwen. Soks is in dreech kerwei, foaral as mar in pear minsken der mei dwaande binne, yn dit gefal dr. Wumkes, mei help fan E.B. Folkertsma. Dat hie fan gefolgen, dat der yn 1933 earst in Frysktalich Nij Testamint ferskynde en pas yn 1943 in folsleine Frysktalige Bibel. “Beide ferkochten dat it slydjage”, fertelt Popkema.
“Der wie dus wol ferlet fan Frysktalige Bibelteksten en psalmen. Mar it wiene de hiërargy en ek de gewoante, dy’t der foar soargen dat it Frysk net folle brûkt waard – en wurdt – yn tsjerke”, tinkt Popkema.

“Ferjit net, de ‘Steatebibel’, útbrocht yn opdracht fan de ‘Staten-Generaal’ yn 1637, dêr wiene de Fryske Steaten dus ek meiopdrachtjouwer fan. It Frysk wie sûnt 1498 gjin erkende, skreaune taal by de Fryske oerheid. It Nederlânsk wie de offisjele taal fan de ‘Zeven Verenigde Nederlanden’, it Frysk net mear as in boeretaaltsje. De elite yn Fryslân spruts stedsfrysk. Eins geane de measte Friezen noch altyd mei it Frysk om as wie it in dialekt: se brûke it foar hûs, hiem en de buorren, mar net foar de saneamde hegere domeinen.”

Dr. Bernard Smilde

Oars sein, Popkema sitearret de eardere Burgumer dr. Bernard Smilde: “Hoe winne wy it folk (foar it Frysk)?” “Op dy fraach hiene de Kristlik-Fryske organisaasjes, noch oaren yn de Fryske Beweging, in goed antwurd. Doe net en no noch net”, seit Popkema.
Dyselde dr. Smilde wie in útsûndering op de regel. “Hy stie yn Burgum fan 1977 oant 1985. As er sneintemoarns tsjinst hie (doe wiene der moarns noch twa tsjinsten)  preke er ien kear yn ‘t Frysk en ien kear yn it Nederlânsk. Dan brûkte er wol deselde liturgy, mar yn twa ferskillende talen.

Hoefolle preken soene no werklik yn it Frysk hâlden wurde? Popkema wit it net krekt. “Ik rûzje it op sa’n trije persint.” Hy pleitet der foar, mear twatalich om te gean mei Frysk en Nederlânsk: “Wêrom net in lêzing út de Frysktalige Bibel, mei in Nederlânsktalige taljochting der by? Of wat faker Frysktalige psalmen, njonken in Nederlânsktalige preek?”

'They Young Source' en 'Amazing Kids' in de VGKN-kerk in Boornbergum.
(video) "Nog amper christelijke kinderkoren in Fryslân sinds corona" Algemeen 8 uur geleden
Record aantal inschrijvingen 22e editie Bonifatiusloop Dokkum
Record aantal inschrijvingen 22e editie Bonifatiusloop Dokkum Algemeen 9 uur geleden
opening infocentrum Waterbouw.nl
Opening infocentrum Waterbouw.nl Algemeen 10 uur geleden
Ooievaars druk bezig met het bouwen hun nest.
Niet alle vogels leggen in mei een ei Algemeen 10 uur geleden
Inzamelactie kleding en schoenen voor versterking basisonderwijs. Foto ter illustratie.
Inzamelactie kleding en schoenen voor versterking basisonderwijs Algemeen 11 uur geleden
Het team van GVV Veenwouden staat trots te midden van de concurrentie, vastgelegd op de bijgevoegde foto van links naar rechts: Myrthe van Assen, Marrit Nauta, Marit Fokkens,Fardau Mulder en Elize
GVV Veenwouden Team Pronkt met Derde Plaats op Niveau 6 Turncompetitie Algemeen 11 uur geleden
Voorzitter Wessel Koning van Industriële Club Tytsjerksteradiel tijdens zijn inspraak bij de gemeenteraad in Burgum.
"'Enerzjyhub Sumar' hat wetlike help nedich" Algemeen 11 uur geleden
Donkey Tandem & Friends
Avond met verhalen door 'Donkey Tandem & freonen' Algemeen 12 uur geleden
Beeld van de première in de Harmonie te Leeuwarden
(video) Ook als je chronisch ziek bent kun je dansen Algemeen 13 uur geleden
Deze bijzondere steen met fossielen is in aanwezigheid van de vinders op dinsdag 9 april onthuld en heeft nu een prominente plek gekregen in het IJstijdenmuseum te Buitenpost.
De lange reis van een prehistorische inktvis Algemeen 14 uur geleden
De bouwploeg druk bezig met het decor voor iepenloftspul Kening & Kening.
(video) By Burgum ferriist in lyts ferburgen keninkryk Algemeen 15 apr, 19:00
Noord-Nederlands “Jagerskoor’’ zoekt zangers.
Noord-Nederlands Jagerskoor zoekt zangers. Algemeen 15 apr, 18:00
Dit jaar was de slagzin: 'Ik heb het zo druk als een kip met pasen.'
Puzzelen met paaseieren en letters Algemeen 15 apr, 16:05